Fún

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Plak fan Fún yn Denemark
Egeskov Slot op Fún

Fún (Deensk: Fyn) is Denemarks tredgrutste eilân, mei in gebiet fan 2.984 km², en mei 482.410 ynwenners (sifer fan 2008), Fún leit tusken de Súdfúnske Eilânsee, de Lytse Belt, it Kattegat, de Grutte Belt en de og Lundeboarchbelt. Nêst Fún lizze Langelân, Tureach, Tâsinge, Ebbeleach, Erreach en noch sa'n 90 oare lytse eilannen. Fún heart by de regio Súddenemark.

Stêden op Fún, op folge fan ynwennertal:

Fúns heechste punt is Frøbjerg Bavnehøj mei 131 meter.

Fúnske dialekten[bewurkje seksje | edit source]

De spraak fan Fún is opdield yn Westfúnsk en Eastfúnsk. Mar der is - of wie - ferskil op koarte ôfstân, bygelyks tusken de ferskate doarpen, en sels forskillen tusken de strjitten fan Odense.

Oars as by it standert-Deensk hawwe Fún en de eilânnen deromhinne noch trije grammatikale slachten. It manlike slacht wurdt oanjûn mei ei en -i: ei mar, mar'i, ei post, posti, ensafuorthinne (man, post). Froulike is dat en en -en: En sol, solen, en kone, konen ensafuorthinne (sinne, wiif). Unsidich is dat: et en -et: et sav, savet, et tallerken, tallerknet, ensafuorthinne (seage, board).

De taalgrins fan de Deenske stop rint ek oer it eilân, dat op in part fan it eilân wurdt al in stop brûkt, en op in oar part net.

Ferneamde Fúnsters[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]