Erdenet

Ut Wikipedy
Erdenet
Эрдэнэт
Sicht op Erdenet
Sicht op Erdenet
Polityk
Lân Mongoalje
Provinsje Orhon
Sifers
Ynwennertal 86.866 (2008)
Oerflak 208 km²
Befolkingsticht. / km²
Hichte 1300 m
Oar
Stifting 1975
Tiidsône UTC+8
Koördinaten
Wapen fan Erdenet

Erdenet (Mongoalsk: Эрдэнэт / ᠡᠷᠳᠡᠨᠡᠲ, letterlik 'mei skatten') is in yndustrystêd yn Mongoalje. It is de twadde stêd fan it lân nei de haadstêd Ulaanbaatar. Erdenet leit likernôch 410 kilometer noardwestlik fan Ulaanbaatar yn de Ajmag Orhon, dêr't it ek de haadstêd fan is.

Erdenet leit oan de foet fan it Burengiin-berchtme. De stêd waard pas yn 1975 stifte, om de wurknimmers fan de nije kopermyn ûnder te bringen. Op kaarten út de tiid fan it kommunisme yn de Sovjet-Uny waard it plak om reden fan har strategysk belang mei opsetsin op in ferkeard plak oanjûn.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Erdenet is it einpunt fan in sydtûke fan de Trans-Mongoalyske spoarline, dy't yn Darchan op it haadtrasee oanslút. Twaris deis rydt der in bus nei de haadstêd en werom. De lofthaven fan Erdenet (ZMED/ERT) wurdt net mear brûkt.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twa gers op 'e Mongoalske steppe

Erdenet hat de op fjouwer nei grutste kopermyn yn de wrâld. De myn is in Mongoalsk-Russyske joint venture. De myn soarget foar it grutste part fan de Mongoalske ynkomsten út eksport en belestingen. Lange tiid waard allinnich kopererts útfierd, mar hjoededei is de mynbou-ûndernimming by steat om sels suver koper te produsearjen. Teffens wurdt der molybdeen wûn.

Fierders sit der yn Erdenet in ynternasjonaal ferneamde tapytfabriek, in fabryk foar libbensmiddels en ferskate houtferwurkjende bedriuwen, dy't hout út de taiga ferwurkje ta timmerhout foar meubels en joerten (Mongoalsk: in ger).

Mynbou by Erdenet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untjouwing ynwennertal
-
1975
rûsd
1979
telling
1981
rûsd
1985
rûsd
1989
telling
1994
rûsd
2000
telling
2003
rûsd
2004
rûsd
2005
rûsd
2006
rûsd
2007
rûsd
2008
rûsd
4.100 31.900 38.700 45.400 56.100 63.000 68.310 78.882 80.858 81.249 83.160 85.121 86.866

Susterstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Erdenet is ferbûn mei:

Stêd Regio Lân
Fairbanks Alaska flagge fan de Feriene Steaten Feriene Steaten
Ulan Ude Burjatia flagge fan Ruslân Ruslân
Székesfehérvár Fejér Hongarije

Gallery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]