Ulaanbaatar
| Ulaanbaatar | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.148.911( (2009) | |
| Oerflak | 4.704,4 km² | |
| Befolkingstichtens | 235 km² | |
| Hichte | 1350 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Mongoalje | |
| Oar | ||
| Tiidsône | H (UTC+8) | |
| Koördinaten | ||
| Webside | www.ulaanbaatar.mn | |
Ulaanbaatar (Mongoalsk: Улаанбаатар), ek bekend ûnder de Russyske namme Oelan-Bator (Russysk: Улан-Батор), is de haadstêd fan Mongoalje.
Ynhâld |
Geografy [bewurkje seksje]
Lizzing [bewurkje seksje]
De stêd leit op in hichte fan 1350 meter boppe de seespegel yn de delling fan de Tuul, in sydrivier fan de Selenga.
Klimaat [bewurkje seksje]
Ulaanbaatar is mei in trochsneed jiertemperatuer fan -1.3 °C de meast kâlde haadstêd fan de wrâld. Winterdeis kin it kwik sakje oant -40 °C wylst it simmers wol +35 °C wurde kin. It gebiet hat in steppeklimaat mei net folle delslach dêr't it measte fan yn de simmer komt.
Skiednis [bewurkje seksje]
Yn 1639 waard Ulaanbaatar stifte ûnder de namme Örgöö (Urga), as in ferpleatsber (nomadysk) Boedistysk kleastersintrum, 250 kilometer fan de stêd fan no ôf. De delsetting is yn de rin fan de tiid goed 25 kear fan plak feroare. Sûnt 1778 is it in delsetting op it plak fan no. De stêd is ûnstien út in rige joert-delsettingen en der waard earst yn de jierren tweintich fan de 20e ieu yn stien boud; doe ferskynden de earste huzen oan de Leane fan de Frede. Dat barde op in stuit dat Mongoalje ûnder Sovjetynfloed stie en dat is te sjen oan de arsjitektuer: dy is funksjonalistysk, mei in soad beton en flatgebouwen. Sintraal yn Ulaanbaatar leit it Sükhbaatarplein, mei rûnom de meast belangrike kultuerele en maatskiplike gebouwen. Sûnt de ûnôfhinklikens fan Mongoalje (1912) hawwe in protte Koreanen har yn Ulaanbaatar nei wenjen set.
Transport [bewurkje seksje]
Ulaanbaatar is it meast wichtige knooppunt op it trans-Mongoalyske spoar, dy't de trans-Siberyske spoarlijn mei it Sineeske spoar ferbynt. Der binne direkte ferbiningen mei ûnder oaren Moskou en Peking.
Chinggis Khaan International Airport is de grutste lofthaven fan Mongoalje.
Yn de stêd wurdt it iepenbier ferfier ûnderhâlden mei trolleybussen en gewoane bussen, meast fan Sovjet, Japanse of Koreaanse makkelei. Fierders binne der minibussen en taksy's.
Kultuer [bewurkje seksje]
Festival [bewurkje seksje]
It Naadam-festival lûkt elk jier in protte minsken út alle parten fan Mongoalje en ek toeristen út de hiele wrâld wei. It festival duorret fan 11 oant en mei 13 july. Op it festival wurde ferskate tradysjonele Mongoalske sporten beoefene, sa as Mongoalsk wrakseljen, bôgesjitten en hynsteraces. It festival foarmet de wichtichste fakânsje fan it jier yn Mongoalje.
Bouwurken [bewurkje seksje]
- Natuerhistoarysk Museum. Mei fossilen fan dinosaurussen út Mongoalje.
- Sükhbaatarplein, mei in stânbyld fan Damdin Soeche Bator op it hynder. Oan de noardkant leit it Mongoalsk Parlemint, mei in grut stânbyld fan Genghis Khan.
- Mausoleum fan Soeche Bator
- Gandantegchinlen Khiid Kleaster, mei in 26,5 meter heech stânbyld fan Migjid Janraisig.
- Winterpaleis fan Bogd Khan
- Ulaanbaatar Opera
- It Zaisan Monumint foar sneuvele Russyske soldaten ûnder de Twadde Wrâldkriich yn it suden fan de stêd.
- Sintraal Stadion; it plak dêr't it Naadam-festival holden wurdt.
Underwiis [bewurkje seksje]
De Nasjonale Universiteit fan Mongoalje is festige yn Ulaanbaatar en hat sa'n 12.000 studinten. De universiteit waard stifte op 5 oktober 1942 en is de âldste fan it lân.
Natuer [bewurkje seksje]
It Gorkhi-Terelj Nasjonaal Park leit op 70 kilometer fan Ulaanbaatar.