Engelbert (doarp)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tsjerke fan Engelbert.

Engelbert is in doarp yn de gemeente Grins yn de provinsje Grinslân. It leit eastlik fan de stêd. Oant 1969 hearde it ta de eardere gemeente Noorddijk. Oarspronklik wie Engelbert ien fan de karspelen fan it Gorecht.

Engelbert is ien fan de fjouwer MEER-doarpen, de oare doarpen binne Euvelgunne, Middelbert en Roodehaan. It doarp leit yn it gebiet dat ornearre is foar in grutte stêdsútwreiding fan Grins, Marstêd. Yn dy plannen sil Engelbert wol syn doarpske karakter hâlde. It is de hjitting dat it doarp oan de gemeente Slochteren komme sil. It liket derop dat de ynwenners meast tsjin wêze sille.

Om't Engelbert ticht by Grins leit binne dêr net safolle foarsjennings. Der is wol in basisskoalle: O.B.S. De Driebond, in iisbaan, in fuotbalferiening: Fuotbalferiening Engelbert, en it natuerbad Engelbert, mei in kemping. Fierders hat it plak twa kafees, en in multifunksjoneel sintrum (MFC), mei ferskate ferienings.

De namme Engelbert betsjut lytse buorren of lyts doarp.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen