Eastromaanske talen

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "East-Romaansk")
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaart fan de Balkan, de kleurde regio's wurde bewenne troch folken dy't i Eastromaanske taal sprekke

De Eastroomaanske talen foarmje de eastlikste tûke fan de Romaanske talen. Op de Balkan en yn súdlik Itaalje ûntwikkele it har út de pleatslike dialekten fan it Latyn.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Ut it folks Latyn ûntwikkele him it Proto-Roemeensk, dat al de measte skaaimerken hie fan it moderne Roemeensk. Meastentiids wurdt oannomd dat yn it tiidrek 800-1200 troch ynfaazjes fan folken en de migraasje fan Wlachske harders, it Proto-Roemeensk yn fjouwer ôfsûnderlike talen ferdield waard: Dako-Roemeensk (it tsjintwurdige Roemeensk), Aroemeensk, Megleno-Roemeensk en Istro-Roemeensk.

Boppedat waard yn de 20e ieu, troch de Sowjet-Uny yn de Moldavyske dielsteat de Moldavyske taal offisjeel yntrodusearre, om in ûnderskied oan te bringen tusken de Roemeenske en Moldavyske naasjes.