Flachen

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Wlachen")
Gean nei: navigaasje, sykje
Fersprieding fan de Roemenen en de Flachen (Aroemenen, Meglenieten en de Istro-Roemenen)

De Flachen, Walachen of Balkanroemenen foarmje in kloft folken op it Balkanskiereilân dy't meiïnoar mien hawwe dat hja in fariant fan it Roemeensk sprekke of, oars besjoen in East Romaanske taal sprekke dy't nau besibbe is oan it Roemeensk. Yn alle lannen dêr't se wenje binne de Flachen yn de minderheid. De wichtichste kloft wurdt foarme troch de Aroemenen.

De Flachen stamje benammen ôf fan romanisearre Traasjers en mooglik ek Illyrjers, en Romeinse kolonisten. Sels tsjutte de Flachen harsels oan mei in fariant fan it wurd romani.

Ferdieling[bewurkje seksje | edit source]

De grutste kloft Flachen wurdt foarme troch de Aroemenen yn Grikelân (fral yn it Pindosberchtme), Albaanje, Masedoanje en Bulgarije. Dy kloft stiet ek bekend as Masedo-Roemenen, Tsintsaren of Koutzowalachen. De skattingen oer harren oantallen rinne útien: tsientûzenen oant inkele hûnderttûzenen. De Aroemenen binne ortodoks.

Fierders binne der de Megleniten of Megleno-Roemenen (ûngefear 5000 moslims oan de Gryksk-Masedoanyske grins) en de sawat 1000 Istro-Roemenen op it Kroatyske skiereilân Istrje (sjoch: Istro-Roemeensk).

Servyske Flachen[bewurkje seksje | edit source]

Frijwat los fan boppesteande kloften stiet in minderheid yn eastlik Servje yn it gebiet om de rivier de Timok, dy't troch de Servyske autoriteiten as vlasi (= Flachen) oantsjutten wurdt: harren wengebiet slút oan op Roemeenje en harren dialekten stean tichter by it Roemeensk as dy fan de oare folken op de Balkan. Op it kaartsje rjochtsboppe binne se net te ûnderskieden fan de Dako-Roemenen. By de folkstelling fan 2011 neamden 35.300 persoanen yn Servje harren Flachen. Neffens oare skattingen soe dat oantal ek heger lizze kinne.

Flachen yn romme sin[bewurkje seksje | edit source]

De term Flachen waard eartiids net allinnich brûkt foar de Balkanroemenen. Noch hieltyd is it in eksonym dêr't ferskillende net-Romaansktalige folken harren Romaansktalige buorlju mei oantsjutte. De namme fan de lânstreek Walachije yn Roemeenje (dat yn it Roemeensk oars hiet) ferwiist nei de Flachen. Yn in protte Slavyske talen en yn it Hongaarsk wurde of waarden Roemenen, mar ek de Italjanen sa neamd.

Besibbe wurden binne ek Waal en Walloanje (foar de Romaansktalige buorren fan de Flamingen) en Welsh en Wales (foar de Keltysktalige buorlju fan de Ingelsken). De namme komt oarspronklik fan de Keltyske stam de "Volcae".

De Flachyske kultuer[bewurkje seksje | edit source]

De Flachen wiene fan âlds in folk fan nomadyske skiepweitsers. De stêd Voskopojë, no yn Albaanje, wie yn de Turkske tiid, doe't alle Flachen noch yn ien lân wennen, harren kulturele sintrum.