Durk Piers Noordmans

Ut Wikipedy
Durk Piers Noordmans en Gerbrich Oepkes de Roos

Durk Piers Noordmans (Spannum, 29 desimber 1828 - Skearnegoutum, 12 desimber 1907) wie in boer en leketeolooch út Skearnegoutum.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Durk Piers wie in soan fan Pier Noordmans, boer, en Antje Rispens. Hy buorke yn Tsjom en letter yn Easterein. Hy kaam út it puriteinsk fermidden fan de finen (sjoch ek: It Réveil). As jonkje lies er al Zions worstelingen fan Fruytier. Hy boaske 1856 oan Sjoerdje Ypma en yn 1870 mei Gerbrig Oepkes de Roos.

Noordmans sette him in libben lang yn foar tsjerke en kristlike skoalle, siet yn it Antifloreenbûn en de Vereniging van Vrienden van de Waarheid (û. o. mei F.J.P. Moquette). Hy wie in geastessibbe fan P.J. Hoedemaker, skreau ek stikjes foar dy syn krante De Gereformeerde Kerk (û.o. in fiiftal artikelen oer de doop, letter bondele) en skreau ek in stik as wat brosjueres.

Durk Piers wie de heit fan teolooch Oepke Noordmans.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Durk Pieters Noordmans.