Domtsjerke fan Mantua

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Mantua

Duomo di Mantua

Lokaasje
lân Itaalje
regio Lombardije
provinsje Mantua
plak Mantua (Mantova)
koördinaten 49° 9' N 10° 47' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Mantua
patroanhillige Petrus
Arsjitektuer
boujier 1401-1761
boustyl maniërisme
Kaart
Domtsjerke fan Mantua (Itaalje)
Domtsjerke fan Mantua

De Domtsjerke fan Mantua (Italjaansk: Duomo di Mantova; Cattedrale di San Pietro apostolo of Sint-Petruskatedraal) yn Mantua, Lombardije, is in oan Petrus wijde roomsk-katolike katedraal en de biskopstsjerke fan it bisdom Mantua.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke op in skilderij fan Domenico Morone út 1494.

De oarspronklik ierkristlike tsjerke waard yn 'e midsiuwen (nei alle gedachten troch Matilda fan Toskane) yn romaanske styl boud. Ut dy tiid datearret noch de klokketoer. De tsjerke waard tusken 1395 en 1401 ûnder tafersjoch fan Francesco I Gonzaga werboud. De troch Jacobello en Pierpaolo dalle Masegne ûntwurpen moarmeren gevel fan dy tsjerke mei it oerdekte portaal, roasfinsters en pinakels is noch op in skilderij fan Domenico Morone yn it Palazzo Duvale te sjen. Yn dy tiid wiene oan beide kanten fan 'e dom in rige mei goatyske kapellen oanboud, dy't mei tuorkes en gevels fan moarmer en terrakotta fersierd wiene. Oan 'e súdlike kant is dy muorrestruktuer noch jimmeroan te sjen.

De domtsjerke waard nei in brân yn 1545 op 'e nij boud troch de maniëristyske arsjitekt Giulio Romano, mei behâld fan 'e westlike gevel en de bûtenmuorren. It ynterieur dêrfoaroer waard yngreven feroare en yn in op in ierkristlike ferzje fan 'e Pitersdom yn Rome lykjende foarm brocht. Nei de dea fan Giulio Romano yn 1546 bleau it wurk foar in hiel skoft lizzen en dêrnei ûnder lieding fan Giovan Battista Bertani fuortset, dy't nei alle gedachten it bouplan benammen foar it koer oanpaste. Nei in inisjatyf fan biskop Antonio Guidi di Bagno waard de hjoeddeiske moarmeren gevel tusken 1756 en 1761 troch de romeinske Nicolò Baschiera boud, dy't ek yn it Eastenrykske leger tsjinst die.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur.
Koepel.

It ynterieur fan 'e domtsjerke hat de foarm fan in latynsk krús. De romten wurde troch fjouwer rigen pylders mei korintyske kapitelen yn fiif skippen ferdield. Wylst de twa bûtenste skippen en it middenskip flakke plafonds hawwe, binne de oare skippen mei in tonferwulft oerkape. By de sydskippen lâns leit oan beide kanten in rige kapellen, dy't mei maniëristyske keunstwurken fan lokale keunstners fersierd binne (de wichtichste skilderijen fan Paolo Veronese en Giulio Campi binne lykwols net mear yn Mantua). De koepel boppe de krusing is mei fresko's fan it Paradys beskildere. Fierders binne der keunstwurken lykas in ierkristlike sarkofaach, de 14e-iuwske fresko's fan de doopkapel, de Cappella dell’Incoronata en de sakristy (eartiids de Capella dei Voti) mei it troch in learling fan Andrea Mantegna beskildere ferwulft. It heechalter is yn moarmer útfierd en wurdt bekroand mei in grutte houten krusifiks.

Yn 'e dom binne de grêven te finen fan in grut tal biskoppen, kardinalen en oare persoanen dy't in rol spilen yn de skiednis fan 'e stêd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Italjaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: it:Duomo di Mantova