Doetinchem
Gemeente Doetinchem
|
|||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
|||||||
| Provinsje | Gelderlân | ||||||
| Boargemaster | Herman Kaiser (CDA) | ||||||
| Haadplak | Doetinchem | ||||||
| Gebiet | 79,07 km² | ||||||
| Ynwenners | 56,037 | ||||||
| Ferkearsieren | A12, A50, N224, A/N325, N784 | ||||||
| Netnûmer | 0314, 0315 | ||||||
| Postkoades | 7000-7011, 7030-7031 | ||||||
| Offisjele webstee | www.doetinchem.nl | ||||||
Doetinchem (Nedersaksysk: sawol Deutekem as Durkum of Dörkum) is in stêd en gemeente oan de Alde Isel en leit yn de Achterhoek, yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. De gemeente telt 56,037 ynwenners, en hat in oerflak fan 79,07 km2 (dêr't 0,57 km2 fan út wetter bestiet). Dêrmei is Doetinchem de tichtst befolke gemeente fan de Achterhoek. De befolking is foar goed fjirtich persint fan protestantske sinjatuer en foar sawat likefolle fan katolike komôf. Foar it oare part bestiet de gemeente út guons dy't net tsjerklik binne of moslims.
Op 1 jannewaris 2005 is de gemeente Wehl opheven en oan de gemeente Doetinchem taheake. Ek waad it Zelhemse Broek by de gemeente foege.
Betelle fuotbal [bewurkje seksje]
Mei BV De Graafschap hat Doetinchem syn eigen betelle fuotbalklup yn de gemeentegrinzen. It stadion De Vijverberg, dat leit yn it súdeasten fan de stêd, húsmannet de Superboeren.
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Doetinchem fan Wikimedia Commons. |
