Rheden (gemeente)

Ut Wikipedy
Gemeente Rheden
Flagge fan de gemeente Rheden        Wapen fan de gemeente Rheden
(Flagge fan Rheden) (Wapen fan Rheden)
Lokaasje fan de gemeente Rheden
Provinsje Gelderlân
Boargemaster Carol van Eert (PvdA)
Haadplak De Steeg
Oerflak
- wetter
84,35 km²
-  2,59 km²
Ynwenners
Ferkearsieren A348
Netnûmer 026, 0313
Postkoades 6880-6883, 6950-6953, 6955-6957, 6990-6991, 6994
Offisjeel webstee www.rheden.nl
Gemeentehûs Rheden

Rheden is in plak en in gemeente yn de provinsje Gelderlân. De gemeente hat 43.574 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) (wêrfan't 7.450 yn it doarp Rheden sels) en hat in oerflak fan 84,29 km² (wêrfan 22 km² wetter. De gemeente Rheden makket diel út fan de Stedsregio Arnhim-Nimwegen.

De gemeente leit beëasten Arnhim. De Feluwe is de noardlike grins en de Isel de súdlike. De doarpen lizze as in gurle yn dizze strook tusken bosk en rivier. It grûngebiet fan de gemeente omfettet oan de iene kant de stuwwâl, heuvels, bosken, heidefjilden en beken fan de Feluweseam en oan de oare kant de Iselfallei mei uterwaarden.

Omdat de twa grutste doarpen Velp en Dieren oan de west- respektyflik eastrâne fan de gemeente lizze, stiet it gemeentehûs yn it sintraal lizzende doarp De Steeg.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al foar de jiertelling setten minsken har ta wenjen op de Feluwe. De âldste fermeldingen fan doarpen fan de gemeente Rheden datearje út de 9e iuw, te witten Velp en Dieren. Oan de foet fan de Feluweseam ûntstienen in soad lângoeden, dy't in hast ûnûnderbrutsen rige foarmen fan Arnhim oant Dieren. Foarbylden binne Kastiel Middachten (14e iuw), Kastiel Biljoen (16e iuw) en Hûs Rhederoard (18e iuw). De lângoeden en harren bewenners ferskaften de lokale befolking wurk. De kastielen joegen ek in feilich hinnekommen yn tiden fan ûnrêst.

De namme Rheden - skreaun as Rheton - wurdt foar it earste neamd yn it 'diploma' fan Kening Otto I fan 28 augustus 960. Yn dat diploma is te lêzen dat Otto I oan it St. Mauritiuskleaster yn Maagdenburg meardere 'hoeven' skonken dy't lizze op de Feluwe. Under sa’n hoeve (pleats) wurdt hjir in stik grûn ferstien fan ± 32 oant 40 moargens (sa'n 28 à 30 hektare). Ien fan dy hoeven leit yn it buorskip Rheden yn it goa Hamalant yn it greefskip fan greve Wichman, stifter fan de abdij yn Elten yn 967. Yn de taal fan it 'diploma' wurdt dit sa omskreaun: "In villa Rheton nominate mansum I, hoc est situm in pago vocato Hamalant in comitatu Wichmanni". In hoeve omfettet in stik grûn nedich foar in behoarlik boerebedriuw. Dy skinking sil it ûntstean fan it doarp Rheden ta gefolgen hân hawwe. Wêr't krekt de grûn lein hat dy't de oarsprong fan it doarp west hat is net nei te gean. Yn it âld-argyf fan Middachten (Ryksargyf Arnhim no.12) leit in brief fan 21 july 1364: "... een curia Rheden of in parrochia Rede curia dicta Rethof ...". 'Ret' yn Rethof betsjut reid. De hof sil grif yn de hjoeddeiske Gasthûsbebouwing lein hawwe, tusken Laak en Methorsterwei.

It St. Mauritiuskleaster hat syn goed en rjochten om it jier 1000 opjûn en de tsjerke fan Rheden en de 'Hof' binne yn besit komd fan it Benediktinerkleaster fan de St. Paulusabdij yn Utert. De hof hat rom 300 jier tsjerklik besit west en is dêrnei oergien yn partikuliere hannen en op it lêst yn septimber 1641 troch Johan van de Poel opdroegen oan it St. Petergasthûs te Arnhim. De omskriuwing wie: "... eene bouwinge te Rheden in den dorpe gelegen, met huys, hoff, schuyr, berch, schaepschot, schaepdrift, met syn bouwlant, weylant, rijsweert, aenwas en toebehoor, soo groot ende cleen, als hij is genaemt den hof tho Reeden, gelyc die bij Albert Visser ende Johan Becker gebruyckt is ..."

De namme 'Hof te Rheden' is yn de gasthûsadministraasje ferlern gien. De pleats 'de Gasthuisbouwing' is ein jierren santich sloopt foar wenningbou. Allinnich de namme docht noch tinken oan dat âlde kompleks.

De gemeente Rheden ûntstie yn 1573 doe't de schoutamten Velp en Rheden gearfoege waarden ta it skoutamt Rheden. De kar foar de namme Rheden waard makke omdat it Rhedenske skoutamt mear ynwenners hie. Yn 1811 waard út it skoutamt Rheden de gemeente Rheden oprjochte, dy't yn 1812 midstwa spjalten waard yn 'e gemeenten Rheden en Dieren. Yn 1818, doe't de beide gemeenten wer gearfoege waarden, ûntstie de gemeente Rheden yn syn hjoeddeistige foarm.

Yn de rin fan de 19e iuw fêstigen har in soad rinteniers en pinsjonearden yn de gemeente Rheden, benammen yn De Steeg en Velp. It tichtbylizzende Arnhim en moaie natoer stipen de groei fan de gemeente Rheden. Yn hûndert jier tiid ferfjouwerfâldige it ynwennertal fan 5000 nei 23.000. It doarp Velp is no it grutste doarp fan de gemeente.

Wapen fan de gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wapen fan de gemeente, wêrfan de kleuren weromkomme yn de flagge fan de gemeente, is it wapen fan it aadlike laach Van Rheede dat yn de omkriten wenne hat. De offisjele omskriuwing is "Fan goud, beladen mei in rjochterskeanbalke fan keel, brutsen mei in toernoaikraach (barensteel) fan trije hingers fan lazuer".

Kearnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente telt sân doarpen, oardere nei ynwennertal:

Doarp Ynwenneroantal
Velp 17.669 (2005)
Dieren 14.842 (2008)
Rheden 7.450 (2008)
De Steeg 1.280 (2003)
Ellecom 1.105 (2003)
Spankeren 1.058 (2003)
Laag-Soeren 852 (2003)

Wenjend yn de Rheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
wizigje