Diadumenianus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ofbylding fan Diadumenianus op munt

Markus Opellius Antoninus Diadumenianus (14 septimber 208 - † Simmer 218) wie tige koart (23 dagen) Keizer fan Rome: 16 maaie - 8 juny 218.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Diadumenianus wie amper 8 jier âld doe't hy yn april 217 ta Caesar (ûnderkeizer of kroanprîns) beneamd waard en tsjinne ûnder syn heit Makrinus. Letter, op 16 maaie 218 waard hy ferheft ta augustus (mei-keizer) mei syn heit wêrby't in flinke bonus oan de praetoriaanske garde jûn waard.

Yn 218 beselskippe Diadumenianus syn heit op fjildtocht yn it easten tsjin de Parten. Dizze fjildtocht ferrûn tige min en de Romeinen moasten in ûnfoardielige frede slute. Dat sette kwea bloed en in part fan it leger kaam yn opstân en beneamde Elagabalus as tsjinkeizer. Op 8 juny waarden de troepen fan Makrinus by Antiochje yn Syrje ferslein. Makrinus hat noch besocht syn 10-jierrige soantsje yn feiligens te bringen foardat er nei it noarden flechte, mar Diadumenianus waard finzen nomd en letter yn juny deadien. Syn holle waard oan Elagabalus, de nije keizer, as trofee oanbean.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]