Deenske Gouden Iuw
De Deenske Gouden Iuw is de oantsjutting foar in tiidrek fan kulturele bloei yn Denemark yn de earste helte fan de 19e iuw, skaaimerke troch in realistische styl dy't ûngefear tusken it neoklassisisme en romantyk ynsiet.
Histoaryske kontekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om it jier 1800 hie Denemark, en fral ek Kopenhagen, te krijen mei oarloggen en rampen. It wiene minne tiden. Yn 1794 en 1795 waard Kopenhagen rekke troch grutte brânen dy't grutte dielen fan de stêd yn de jiske leine.[1] Dêrnei hie de stêd slim te lijen fan de Napoleontyske oarloggen. Benammentlik by de seeslach by Kopenhagen fan 1801 en de slach by Kopenhagen fan 1807, waard de stêd lange tiid bombardearre. De politike tastân wie wif, Noarwegen makke him los fan it Deenske ryk en yn 1813 waard it lân sels bankrot ferklearre.
De perioade fan weropbou dy't op dizze desastreuze tiid folge, makke lykwols in protte enerzjy los yn de Deenske mienskip. De yndustrialisearring en sadwaande ek de ekonomyske aktiviteit naam nei 1815 hieltiid mear ta. In nij fjoer en faasje kaam oer it lân en alle keunstfoarmen. Uteinlik soe dy perioade fral út reden fan har artistyke prestaasjes oantsjut wurde mei de Deenske Gouden Iuw. De ein fan dizze kulturele bloeiperioade wurdt meast om 1850 lein, dat hy duorre mar skraachwurk in heale iuw.
Ynfloeden en styl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Deenske Gouden Eeuw waard bot beynfloede troch de Dútske romantyk, mar ek sterk troch it neoklassisisme, dat yn Frankryk de toan oanjûch. Yn de skilderkeunst wiene ek de Hollânske masters út de 17e iuw in wichtige inspiraasjeboarne. Al dy ynfloeden hiene in eigen strak stilearre foarm fan realisme as resultaat, fermongen mei romantyske symbolyk, dy't de midden hold tusken ideaal en werklikheid. Ek in stikje patriottisme, fanút in nij nasjonaal bewustwêzen, die sines dêrta.
De Deenske Gouden Iuw hat in soad grutte nammen yn de literatuer en de filosofy opsmiten, mar de strakke realistyske styl krige dochs it meast stal yn de skilderkeunst, de arsjitektuer en de byldhoukeunst. De Keninklike Deenske Keunstakademy, dêr't yn dy tiid in sterke geast fan fernijing hearske, spile dêrby in wichtige katalysearjende rol. In protte keunstners út de Deenske Gouden Iuw sochten harren inspiraasje ek yn it bûtenlân. Tusken 1820 en 1840 wie der bygelyks frijwat grutte Deenske keunstnerskoloanje yn Rome.
Keunstners en wittenskippers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutte nammen út dit tiidrek binne:
- Hans Christian Andersen, mearkeskriuwer en dichter
- Wilhelm Bendz, keunstskilder
- Christoffer Wilhelm Eckersberg, skilder
- Nikolai Frederik Severin Grundtvig, teolooch, pedagooch en patriot
- Christian Frederik Hansen, arsjitekt
- Johanne Luise Heiberg, toanielspylster
- Gustav Friedrich von Hetsch, arsjitekt en artistyk lieder fan porsleinfabryk Königlich Kopenhagen
- Søren Kierkegaard, filosoof en teolooch, skriuwer
- Friedrich Kuhlau, komponist fan Dútsk komôf
- Hans Christian Ørsted, natuer- en skiekundige
- Peter Christian Thamsen Skovgaard, lânskipsskilder
- Bertel Thorvaldsen, byldhouwer
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Martinus Rørbye: Utsjoch troch it raam fan de keunstner, 1825
-
Christen Købke: Portret fan Frederik Sødring, 1832
-
Wilhelm Bendz: In gearkomst fan smokers, 1828
-
Ditlev Blunck: Deenske keunstners yn de osteria la Gonsola yn Rome, 1837
-
Christen Købke: Utsjoch fanôf Dosseringen by de Sortedamske Mar yn Nørrebro, 1838
-
Peter Christian Skovgaard: Utsjoch út Møns Klint wei, 1843
-
Bertel Thorvaldsen: Kupido, om 1835
-
Gebou út 1820 oan de Kloosterkade, typysk foar it nije Kopenhagen
-
Ynterieur fan de Us-Leaf-Froutsjerke, fan Christian Frederik Hansen mei bylden fan Thorvaldsen, 1829
-
Michael Gottlieb Bindesbøll: Thoraldsens Museum, 1838
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bøgh Rønberg, Monrad, Linnet: Twee gouden eeuwen. Schilderkunst uit Nederland en Denemarken. Waanders Zwolle / Ryksmuseum Amsterdam, 2001. ISBN 90-400-9527-2
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Golden Age of Danish Painting fan Wikimedia Commons. |