Napoleontyske oarloggen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Under de term Napoleontyske oarloggen wurdt in rige oarloggen en konflikten ferstien tusken 1804 en 1815. De oarloggen wienen in útrinder fan de Frânske revolúsje en oerspanden in diel fan de Earste Frânse Republyk en it hiele bestean fan it Earste Frânske Keizerryk.

De term Koalysjeoarloggen wurdt ek wol brûkt foar de hiel perioade fan oarloch tsjin Frankryk, net allinnich de Frânske revolúsjonêre oarloggen (Earste en Twadde Koalysjeoarloch, 1792-1802) as de Napoleontyske oarloggen (1804-1815). De oarloggen waarden nammentlik alle kearen fochten tusken Frankryk en in koalysje fan lannen as tsjinstanner. Sûnt 1799 hat Napoleon Bonaparte yn Frankryk de macht. Hy ferovert hast it hiele Europeeske kontinint, mar nei de ferovering fan Moskou yn 1812 keare de kânsen. Yn 1815 wurdt hy by Waterloo definityf ferslein. Op it Wener Kongres wurdt in nij Europeesk machtslykwicht foarme.