De Volharding (Jislum)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Volharding yn 2009

De Volharding is in poldermole by it doarp Jislum yn de gemeente Ferwerderadiel. De Volharding is in grûnsiler dy't mealree is en ûngefear in heale kilometer ten westen fan Jislum oan de Aldfeart stiet. De mole waard yn 1872 boud foar it bemeallen fan de 50 ha grutte polder Ald Piip. Hy koe yn it earstoan yn- en útmealle. Yn 1955 ferlear De Volharding syn funksje en rekke yn ferfal. De mole wie yn 1972 de earste dy't yn besit kaam fan de Stifting De Fryske Mole, dy't him ek restaurearje liet. Dat barde nochris yn 1994. Yn 2000 waard yn de mole in nije fizel setten. De Volharding is in houten achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei daklear en in flecht fan 9,20 m. De mole is op ôfspraak te besichtigjen.

De Volharding waard yn 2006 troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]