De Pylgerreize
De Pylgerreize | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Pilgrim's Progress | |
auteur | John Bunyan | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | religieuze allegory | |
skreaun | 1660-1678 | |
1e publikaasje | 1678, Londen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Pylgerreize | |
publikaasje | 1953, Boalsert | |
útjouwer | KFFB / Utjouwerij A.J. Osinga | |
oersetter | dû. Geart Aeilco Wumkes |
De Pylgerreize, yn it oarspronklike Ingelsk: The Pilgrim's Progress (mei as ûndertitel: From This World to That Which Is to Come), is in wurk fan 'e hân fan 'e Ingelske skriuwer en puriteinske preker John Bunyan (1628-1688). It is in kristlike allegory dy't beskôge wurdt as it hichtepunt fan 'e religieuze Ingelske literatuer. It waard foar it earst publisearre yn 1678 en is sûnt oerset yn mear as twahûndert talen. De Fryske fertaling fan dû. Geart Aeilco Wumkes datearret fan 1953.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bunyan begûn oan The Pilgrim's Progress, doe't er yn Bedfordshire yn it tichthús siet om't er de Conventicle Act 1664 oertrêde hie, in wet dy't preekjen yn it iepenbier bûten de lear fan 'e Anglikaanske Tsjerke om ferbea. Wierskynlik wie dat yn 'e jierren 1660-1672 (hy hat mear as ien kear fêstsitten), fuort nei't er syn spirituële autobiografy Grace Abounding to the Chief of Sinners skreaun hie. De Ingelske tekst fan The Pilgrim's Progress telt 108.260 wurden en is opboud út twa dielen, dy't fierders net opspjalte binne yn haadstikken of oare ûnderferdielings. It earste diel foltôge Bunyan yn 1677; it twadde diel ferskynde pas yn syn gehiel yn 1684. Wumkes hat yn syn Fryske oersetting, dy't trouwens inkeld it earste diel beslacht, op eigen manneboet al in ferdieling yn haadstikken oanbrocht, wat de lêsberens fan it ferhaal sûnder mis te'n goede komt.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it earste diel wurdt it ferhaal yn it ik-perspektyf ferteld fan it eachpunt út fan 'e haadpersoan Kristen. Dy lit wiif en bern efter om swier bepakt mei sûnden de ûnwisse reis te meitsjen fan 'e stêd Ferdjer (dizze wrâld) nei de Himelstêd (it paradys), op 'e berch Sion. Underweis moetet er folk fan alderlei slach, lykas Evangelist, Wrâldwiis, Wolbehagen, Utlizzer, ensfh. Hy moat gefaarlik plakken troch sjen te kommen, lykas de Poel fan Unmoed, de Delling fan Fernedering, de Delling fan it Skaad fan 'e Dea, de Idelheidsmerke en de Twifelstins, mar úteinlik, nei in lange en drege reis, berikt er yndie de Himelstêd, dêr't er freonlik wolkom hjitten wurdt. Bunyan syn puriteinske gedachteguod stekt er net ûnder stuollen of banken; ien fan 'e moardsuchtige reuzen dy't Kristen op syn reis sjen moat te ûntrinnen, hjit fan Paus, wylst de jongeling Unkunde, dy't de Himelstêd útslutend op grûn fan syn eigen goede dieden yngean wol, yn 'e hel smiten wurdt.
It twadde diel behannelet deselde reis sa't dy makke wurdt troch Kristen syn frou Kristinne, harren soannen, skoandochters en bernsbern, en de faam Genede. Hja dogge alle plakken oan dy't Kristen yn it earste diel ek besocht, mar nimme der folle langer de tiid foar, fanwegen de útwreiding fan 'e gesinnen fan 'e soannen. De held fan dit ferhaal is Gruthert, de tsjinner fan Utlizzer, dy't it selskip ta gids is. Hy helpt fjouwer reuzen út 'e ljochten en docht mei oan it deadzjen fan in meunster dat de stêd Idelheid terrorisearret. Op it earste gesicht liket it twadde diel inkeld in oereidzjen fan it earste diel, mar dat is sa net. Yn it foarste plak foarmet it ferstriken fan 'e jierren sa't dat yn it twadde diel plakfynt, in folle bettere allegory foar in kristenlibben. Boppedat lit Bunyan hjir froulju helderollen ferfolje, wat er docht om sjen te litten dat ek froulju dappere pylgers wêze kinne, mar dêr't er goed beskôge syn tiid in ein mei foarút wie.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan The Pilgrim's Progress ferskynde yn 1953 ûnder de titel De Pylgerreize (en mei as ûndertitel: fan dizze wrâld nei de takommende), by de Kristlik Fryske Folksbibleteek (nû. 18), yn gearwurking mei Utjouwerij A.J. Osinga te Boalsert. Dizze oersetting beslacht allinnich it earste diel. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan dû. Geart Aeilco Wumkes, dy't benammentlik bekend is fan syn Fryske oersetting fan 'e Bibel, út 1943, en dy't hjir, sa docht bliken út it foarwurd dat er tafoege hat, al yn july 1949 dien wurk mei makke hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |