Springe nei ynhâld

Darigold

Ut Wikipedy
Darigold haadkantoar yn Seattle
Darigold molkfabryk yn Issaquah, Washington

Darigold, Inc. is in Amerikaanske suvelkoöperaasje dy't aktyf is yn de steaten Washington, Oregon, Idaho, Utah en it noarden fan Kalifornje. It haadkantoar stiet yn Seattle. Sa'n 500 molkfeeboeren, feriene yn de Northwest Dairy Association, binne eigeners fan de koöperaasje. De koöperaasje wie yn 1917 stifte en hiet doe de United Dairymen's Association. In wedstriid ûnder de boeren yn it betinken fan in nije namme yn 1920, kaam de namme Darigold nei foaren[1]. Yn 1930 kocht it de Consolidated Dairy Products Company. Yn 1999 waard de namme fan de koöperaasje feroare yn Northwest Dairy Association om syn posysje yn it fermerken better te meitsjen. De fabryksnamme waard feroare yn WestFarm Foods, dochs yn 2006 waard it wer werom feroare yn Darigold[2]. Yn 2010 fúzjearre de koöperaasje mei de koöperaasje Country Classic[3] út Montana. De jierlikse omset fan de koöperaasje is sa'n goed $2 miljard[4] en in jierlikse produksje fan sa'n 3.000.000.000 liter molke.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]