Dar es Salaam

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dar es Salaam>
دار السلام‎
Dar es Salaam before dusk.jpg
Sifers
Ynwennertal 4.364.541 (2012)
Oerflak 1.590,5 km² (regio)
Befolkingstichtens 15.161 / km²(2005)
Hichte 0 m
Polityk
Lân Tanzania
Regio Dar es Salaam
Distrikt Ilala, Kinondoni en Temeke
Boargemaster Didas Massaburi
Oar
Tiidsône UTC+3


It plak fan Dar es Salaam yn Tanzania
Skyline fan Dar es Salaam

Dar es Salaam (دار السلام, 'Hûs fan de Frede'), earder Mzizima, leit yn it easten fan Afrika oan de Yndyske Oseaan. It is de grutste stêd fan Tanzania. Dar es Salaam wie eartiids de haadstêd en is noch hieltiten it ekonomysk sintrum fan Tanzania. Ek is it de wichtichste havenstêd fan it lân. Fan de stêd wurde in ferskaat oan produkten kofje, katoen, sisal, en hûden eksportearre.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1859 kaam de earste Jeropeaan, Albert Roscher út Hamburch yn Mzizima ("de sûne stêd") oan. Yn 1866 joech sultan Seyyid Majid fan Sansibar de stêd de Arabyske namme Bandar as-Salâm dy Haven fan frede betsjut. Nei de dea fan Majid yn 1870 rekke de stêd yn ferfal, mar doe't de Dútske East-Afrika Maatskippij hjir in stasjon festige libbe de stêd wêr op. Dar es Salaam waard it bestjoerlik sintrum en de wichtichste hannelsplak fan Dútsk East-Afrika, en de yndustry wreide him sterk út as gefolch fan de oanlis fan de Sintrale Spoar oan it begjin fan de 20ste ieu.

Dútsk East-Afrika waard under de Earste Wrâldkriich oerweldige troch de Britten en waard tenei Tanganyika neamd. Dar es Salaam bleau it bestjoerlik- en hannelssintrum. Under it Britske yndirekte gesach ûntwikkelen harren op ienige ôfstân fan it stedssintrum âparte Europeeske gebieten (bygelyks Oyster Bay) en Afrikaanske gebieden (bygelyks Kariakoo en Ilala). Dêrneist is der ek noch in grutte groep ynwenners dy't in Súd-Aziaatyske komôf hawwe.

Nei de Twadde Wrâldkriich waakse Dar es Salaam hurd yn omfang. Politike ûntwikkelings, wêrûnder de oprjochting en groei fan de Tanganyika African National Union (TANU), late ta ûnôfhinklikens foar Tanganyika yn desimber 1961. Dar es Salaam bleau de haadstêd, ek doe yn 1964 Tanganyika en Sansibar byinoar gienen en Tanzania foarmen. Yn 1973 waard Dodoma, in mear sintraal lizzende stêd yn it binnenlân fan Tanzania, oanwêzen as nije haadstêd. Yn 1996 ferhúze de Nasjonale Gearkomste nei Dodoma. De ferhuzing is hieltiten noch net klear, in protte regearingsynstânsjes binne noch yn Dar es Salaam, en Dar es Salaam bliuwt Tanzania's belangrykste stêd.

Yn augustus 1998 die Osama Bin Ladens terroristyske organisaasje Al Kaida in bomoanslach op de Amerikaanske ambassade yn Dar es Salaam.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Dar es Salaam is de grutste stêd fan Tanzania. Fan 2002 oant 2012 waakste de befolking mei 5,6 % it jier. Dat makket de stêd ien fan de trije fluchst waaksende stêden fan Afrika, mei Bamako aen Lagos. Der wurdt ferwachte dat de befolking fan de stêdekloft tsjin 2020 5,12 miljoen wêze sil.[1]

Jier Ynwennertal
1925: 30.000
1948: 69.000
1957: 129.000
1972: 396.000
2005: 2.456.100
2012: 4.364.541

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [http://www.citymayors.com/statistics/urban_growth1.html City Mayors: World's fastest growing urban areas