Bamako

Ut Wikipedy
Bamako
Bamako oan de Niger
Bamako oan de Niger
Polityk
Lân Maly
Haadstedlik distrikt Bamako
Sifers
Ynwennertal 1.809.106 (2009)
Oerflak 252 km²
Befolkingsticht. 7.179/ km²
Hichte 330 m
Oar
Koördinaten
Ynwenners Bamako (2006)
De nije moskee yn Bamako

Bamako is de haadstêd en grutste stêd fan it Afrikaanske lân Maly. De tige hurd groeiende stêd leit oan de rivier de Niger yn it súdwestlik part fan it lân. Bamako is it regearingssintrum fan Maly, is in regionaal hannelsintrum mei in haven oan de rivier en ek in plak dêr't in soad konferinsjes hâlden wurde. De meast wichtige yndustrieën binne de tekstylyndustry, de fleisferwurkjende yndustry en de metaalyndustry. Op de Niger is fiskerij. De namme Bamako komt fan it Bambarawurd dat 'krokodillerivier' betsjut.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tiid fan it Keninkryk Maly yn de Midsiuwen, wie it in wichtich sintrum foar moslimûnderrjocht. Tsjin de 19e iuw wie it belang fan de stêd al tige ôfnaam. Yn 1883 waard de regio ynnaam troch Frânske troepen en yn 1908 waard Bamako de haadstêd fan Frânsk Sûdan.

By it ûnôfhinklik wurden fan Maly yn April 1960, wennen sa"n 160.000 minsken yn Bomako. Yn de jierren 1960 waard Maly sosjalistysk; de gefolgen fan de ynfloed en ynvestearrings fan de Sovjet-Uny binne noch goed te fernimmen yn Bamako. Yn de lette jierre 80 fierden de minsken fan Bomako en Maly kampanje foar in frije marktekonomy en in mearpartijedemokrasy.

Op 22 maart 1991 waard in grutte protestmars tsjin it bewâld fan presidint Moussa Traoré en foar bettere libbensomstannichheden, yn Bamako mei geweld delslein, sa'n 300 deaden wie it gefolch. Fjouwer dagen letter waard Traoré oan de kant set by in militêre koep. It Comité de Transition pour le Salut du Peuple waard oprjochte, laat troch generaal Amadou Toumani Touré.[1] Op 26 april 1992 waard Alpha Oumar Konari offisjeel presidint.

It waar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn parten fan it jier waait yn Bamako de skrokke harmattanwyn dy't in bulte sân en stof út de Sahara oanfiert. It reinseizoen yn Bamako is fan maaie oant oktober.

Haadstêd distrikt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bamako heart net ta ien fan de acht regio's fan Maly mar is in apart distrikt. Dit distrikt is ferdield yn seis kommunes ( I - VI) en wurdt laat troch in boargemaster. Bamako wurdt rûnom omjûn troch de regio Koulikoro.

Pont des Martyrs

Berne yn Bamako[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Patrick Manning. Francophone Sub-Saharan Africa, 1880-1995: 1880-1995. Cambridge University Press (1998) ISBN 0-521-64519-0 pp.198-199