Che Guevara

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Che Guevara, Kuba 1962

Ernesto "Che" Guevara (14 juny 1928 - 9 oktober 1967), ek wol Che Guevara of koartwei Che neamd, wie in Argentysk marksistysk revolusjonêr, politikus, skriuwer, dokter en guerrilla-strider.

Guevara is bekend wurden as revolusjonêr. Hy wie ien fan de foaroanmannen by de machtsoername op Kuba yn 1959. Dêrnei focht er yn Kongo. Syn lêste reboelje wie yn Bolivia.

[bewurkje seksje] Bernetiid en jeugd

Ernesto Guevara wie hikke en tein yn Rosario, Argentynje. Guevara hat al syn libben problemen hân mei syn sûnens. Doe't er trije wie krige er lêst fan astma. Hy lies in protte, sawol boeken fan Sigmund Freud, Charles Baudelaire, Karl Marx en Giovanni Boccaccio, mar ek minder swiere boeken lykas Robinson Crusoë en De trije musketiers. Guevare wie yn syn jeugd by ferskillende sportferienings aktyf, mar rugby wie syn favoryt. Yn 1948 gong Guevara nei de universiteit fan Buenos Aires en studearje medisinen. Yn 1951 makke er in motorreis troch Latynsk-Amearika mei syn maat Alberto Granado. Doel fan dy reis wie de leprakolony oan de Amazône yn Perû, dêr't se as frijwilliger wurkje woenen. It deiboek fan syn reis, The Motorcycle Diaries, waard in bestseller (ferfilme yn 2004).

[bewurkje seksje] Kuba

Yn 1955 slút Guevara him oan by de 26 july Beweging (ôfkoarting; M-26-7), de guerrillabeweging fan Fidel Castro. Yn Meksiko túgden de leden fan de M-26-7 in boat oan dêr't se mei nei Kuba farren. Op 2 desimber 1956 kaam de boat op Kuba oan. It Kubaanske leger wachte al op de guerrillastriders, dy't fan it strân ta de jungle yn besochten te flechtsjen. 12 fan de 82 revolusjonêren oerlibben de flecht, sa ek Guevara. Yn de bergen fan de "Sierra Maestra" wurken de revolusjonêren oan in nij legerke. De soldaten fan dat legerke wienen benammen boeren en yntellektuelen. Guevara krijt al gau de heechste rang, dy fan "Comandante", en waard sa bûnsmaat fan Castro. By de revolúsje naam Guevara de eksekúsje fan ynformanten, ferrieders en spionnen op syn noed. De M-26-7 beweging makke twa jier reboelje op Kuba en koe 1 jannewaris 1959 de politike macht oernimme fan diktator Fulgencio Batista.

[bewurkje seksje] Nei Kuba

Yn 1965 makket Guevara in reis nei Kongo, om mei de rebellen dêr te striden. De revolúsje yn Kongo wie gjin sukses. Guevara moast him mei oare Kubaanske troepen weromlûke út de striid. Nei de mislearre revolúsje makke er in reis nei ferskillende lannen. Hy reizge fan Kongo nei Tanzania, Praach, Kuba (geheime reis), Moskou, Praach, Wenen nei Bolivia. Op 3 novimber 1967 slút er him by de oare revolusjonêren yn Bolivia oan. De striid fan de revolusjonêren yn Bolivia mei sa likernôch 50 guerrillas hie yn maart 1967 sukses. Dochs krigen de guerrillas gjin stipe fan de boeren, en ek net fan de Kommunistyske Partij. It leger fan Bolivia waard sterker en krige ek noch stipe fan de Feriene Steaten. Op 8 oktober waard Guevara ferret troch in deserteur. Syn eksekúsje is in dei letter.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Che Guevara fan Wikimedia Commons.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen