Buchholz (Boppard)

Ut Wikipedy
Buchholz
Sint-Sebastiaantsjerke
Sint-Sebastiaantsjerke
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis
Stedsyndieling Boppard
Sifers
Ynwennertal 2.731 (2020)
Oerflak 5,5 km²
Hichte 497 meter boppe seenivo
Oar
Postkoade 56154
Koördinaten 50° 12' 41.4" N 7° 32' 09.6" E
Kaart
Buchholz (Rynlân-Palts)
Buchholz

Buchholz is sûnt 1976 it op ien nei grutste Ortsbezirk fan de stêd Boppard yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit op de Hunsrückhichte tusken de Ryn en de Mûzel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spoaren fan bewenning yn it gebiet om Buchholz hinne geane werom op de lette brûnstiid (1300-800 f. Kr.). Yn de jierren 1983-1986 binne grêfheuvels ûntdutsen út de tiid fan 450-390 f. Kr. Meiïnoar binne der 13 grêfheuvels op dat fjild. Yn de Romeinske tiid lei der in wichtige dyk fan Koblenz oer de Rynhichte rjochting it suden en dy gyng ek tichteby it stasjon oer it doarpsgebiet fan Buchholz.

Likernôch twa kilometer westlik fan dy Romeinske dyk ûntstie yn de 10e iuw of wat letter op in iepen plak Buchholz, dat foar it earst yn 1224 neamd waard Lang soe Buchholz, dat offisjeel ûnder de parochy fan Herschwiesen foel, in filiaalkapel hâlde, dy't oan de hilligen Sebastiaan, Barbara fan NikomeedjeBarbara en Katarina wijd wie. Yn de Tritichjierrige Kriich baarnde dy kapel ôf, mar der fûn weropbou plak. In echte tsjerke krige Buchholz pas yn 1892.

Yn 1908 krige Buchholz in stasjon oan it spoar Boppard-Kastellaun-Simmern. By it stasjon waarden hûzen en bedriuwen boud. Tusken 1937 oant 1939 waard de Hunsrückhöhenstraße fan Koblenz oant Hermeskeil oanlein. Dy ynfrastrukturele projekten soargen foar in foarse groei fan it doarp.

Soldatetsjerkhôf oan de Rhein-Mosel-Strasse

De NSDAP sloech yn Buchholz by de ferkiezings fan 1932 en 1933 goed oan en dy partij helle de mearderheid fan de stimmen. It doarp wie yn de oarloch in militêr bolwurk en mei oare doarpen om Buchholz hinne wie it as fêsting ornearre tsjin de yn 1945 optsjende alliearde troepen. Der waard dan ek slim fochten om de krite.

Nei de oarloch groeide Buchholz fierder. Mei de oanlis fan it Ortsteil Ohlenfeld hie it doarp yn 1963 al 1.000 ynwenners. Troch de oanwaaks fan de befolking naam ek it tal katoliken en protestanten fan it doarp ta. Mei't Buchholz yn 1969 in selsstannige parochy waard, ûnstiene der plannen foar in nij tsjerklik sintrum, dat yn de jierren 1970 boud waard. Sawol in roomske tsjerke as in protestantske tsjerke binne doe yn ien arsjitekturaal kompleks boud.

Yn it jier 2008 hie it Buchholz sa'n 2.600 ynwenners.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: