Bruce McLaren
Ut Wikipedy
Bruce McLaren (Auckland, 30 augustus 1937 - Goodwood, 2 juny 1970) wie in auto-kûreur út Nij-Seelân en ek designer en útfiner. Dêrneist wie hy oprjochter fan it Formule 1 team McLaren, mei 19 wrâldtitels ien fan de meast súksesfolle autosportteams ea.
Bruce McLaren wie al op jonge leeftyd ynteressearre yn auto's; benammen dy fan it snelle soarte. Sûnt er tegearre mei syn heit in Austin 7 Ulster restaurearre hie, soe dit de start wêze fan in karriêre yn de autosport.
Foar it earst útkommend yn de New Zealand International Grand Prix, kaam McLaren yn kontakt mei Jack Brabham; in kûreur útkommend yn it team fan Cooper. Brabham soarge derfoar McLaren in plek yn it Cooper Formule 2 team krige.
Literatuer [bewurkje seksje]
- Eoin Young, Jack Brabham: McLaren Memories: A Biography of Bruce McLaren. J. H. Haynes & Co Ltd, 2005, ISBN 1844251195.
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |