Bûkarest

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wapen Lokaasje yn Roemeenje
Wapen fan Bûkarest
Lokaasje fan Bûkarest

Bûkarest (Roemeensk: Bucureşti) is de haadstêd en it yndustryële, kommersjele en kulturele sintrum fan Roemeenje. De stêd hat in oerflak fan 226 km² en hat in likernôch 2,2 miljoen ynwenners (2006); de befolking wurdt de lêste jierren lykwols stadichoan lytser. Bûkarest leit yn it súdeasten fan it lân, oan de rivier de Dâmboviţa. De stêd waard yn it ferline gauris it Parys fan it Easten neamd; dizze bynamme wurdt lykwols nei de 'stêdfernijings' fan diktator Nicolae Ceauşescu net in soad mear brûkt.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Der is in sêge dy't fertelt dat de stêd stifte waard troch de harder Bucur, mar nei alle gedachten wie it Mircea cel Bătrân dy't nei de oerwinning op de Turken de earste stien lein hat. De earste fermelding fan de namme Bûkarest wie yn 1459, as wenplak fan de Prins fan Wallachije Vlad Ţepeş.

Yn 1977 waard Bûkarest troffen troch in swiere ierdskodding (7,4 op de skaal fan Richter), dy't 1.500 minsken it libben benaam.

Parlemint[bewurkje seksje | edit source]

It Roemeenske parlemint is festige yn it saneamde Paleis fan it Folk. It gebou, it grutste fan Jeropa en twadst grutste fan de wrâld, is troch Ceauşescu sette litten as priveepaleis, mar bewenne hat er it nea. Folslein boud mei Roemeenske boumaterialen, moast in hiele stêdswyk ferpleatst wurde foar dit megaprojekt.

Sport[bewurkje seksje | edit source]

Guon fuotbalklups fan Bûkarest binne gjin ûnbekenden fan SC It Hearrenfean: Dinamo Bucureşti, Rapid Bucureşti en FC Steaua.

Untwikkeling fan it ynwennertal[bewurkje seksje | edit source]

  • 1789 - 30.030
  • 1831 - 60.587
  • 1859 - 122.000
  • 1900 - 282.000
  • 1918 - 383.000
  • 1930 - 639.000
  • 1966 - 1.452.000
  • 2000 - 2.300.000

Nijste getallen ôfrûne