Averroes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Averroes
Averroes close-up fan in fresko fan Raphael

Averroes, Arabysk: ابن رشد; of Ibn Rushd (ĭb'ən rʊsht') (Córdoba (Spanje), 1126 - Marrakesh (Marokko), 10 desimber 1198) wie in Analusyske filosoof, jurist en arts.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Biografy

Averroes kaam út in famylje fan Maliky rjochtsgelearden; syn pake Abdul-Walid Muhammad (ferstoarn 1126) wie de wichtichste rjochter fan Córdoba ûnder de Almoraviden. Syn heit, Abdul-Qasim Ahmad, naam dyselde posysje yn oant de komst fan de Almohaden-dynasty yn 1146.

Ibn Tufail ("Abubaser" yn it Westen) introduseare Averroes oan it hôf en oan Avenzoar (Ibn Zuhr), de grutte moslimarts. Hja waarden freonen. Yn 1160 waard Averroes ta kwady fan Sevilla beneamd. Dêrnei tsjinne hy oan in protte hôven, te Sevilla, Córdoba en yn Marokko.

Hy skeau kommentaren op de Grykske filosoof Aristoteles en in medyske ensyklopedy. Jacob Anatoly sette syn wurken oer fanút it Arabysk yn it Hebrieusk.

Syn wichtichste filosofyske wurk wie Tahafut at-Tahafut ("Betizing fan de betizing"), dêr't hy kommentaar yn jout op de wurken fan Hamid Al-Gazaly dy't "Tahafut al falasifa" ("Betizing fan de filosofy") skreaun hie, dêr't Al-Gazaly him kritysk útlit op de filosofy.

Nei de weach fan fanatisme troch de Almohaden yn Andalûsje oan de ein fan de tolfde ieu foel er yn ûngenede, syn wurken waarden offisjeel ferbean, sels ferbaarne en Averroes waard ferbannen nei in isolearre plak tichteby Córdoba. In soad fan syn wurken yn de logika en metafysika binne troch de sensuer foar altiten ferlern gongen.

[bewurkje seksje] Filosofy

Averroes besocht it systeem fan Aristoteles mei de islamityske lear yn oerienstimming te bringen. Neffens Averroes slute godstsjinst en filosofy inoar net út. Hy wie fan betinken dat de wierheid op twa ferskillende wizen berikt wurde kin, troch middel fan de filosofy of godstsjinst. Hy leaude ûnder mear yn de ivichheid fan it hielal.

De filosofyske en religieuze streaming dy't Averroes' tinzen koesterje, wurdt Averroïsme neamd.

[bewurkje seksje] Betsjutting

Averroes is it alderferneamst wurden troch syn kommentaren op de wurken fan Aristoteles, dy't op dat stuit yn it Westen amper mear of alhiel net foarhannen wienen. Troch it wurk fan Averroes yn de 12e ieu kearde Aristoteles werom yn it Westen.

It wurk fan Averroes oangiene Aristoteles oerspant sawat trije desennia. Hy skreau kommentaren op sawat al it wurk fan Aristoteles útsein dyns Politika. De Hebrieuske oersettings fan syn wurk hawwe ek in duorsume ynfloed hawn op de joadske filosofy. De ideeën fan Averroes waarden troch Siger van Brabant en oaren assimileare (fral oan de universiteit fan Parys) binnen de kristlike skolastyke tradysje dy't foar in part op de logika fan Aristoteles grûne wie. Fan de ideeën fan Averroes hawwe guons ynfloed hâwn op Tomas fan Akwino (en sette him ferfolgens der oan ta him wer tsjin Averroes ôf te setten wat ûnder oaren blike út syn traktaat: "De unitate intellectus contra Averroistas "). Benammen yn syn Summa contra gentiles docht bliken dat Tomas bekend wie mei de wurken fan Averroes.

Averroes skreau ek kommentaren op wurken fan Plato. De orizjinele Arabyske tekst fan syn kommentaar op Plato's De Steat is ferlern rekke, mar der binne wol in oantal manuskripten bewarre bleaun fan in oersetting yn it Hebrieusk troch Samuel ben Yehuda fan Marseille, lykas de yn de 16e ieu yn druk útjûne Latynske oersetting troch Jacob Mantinus fan Tortosa[1][2].

[bewurkje seksje] Literatuer

  • Joseph Ernest RENAN, Averroès et l'averroïsme: essai historique (1852, herz. útj. 1861)
  • Max Joseph Heinrich HORTEN, Die Hauptlehren des Averroes: nach seiner Schrift: Die Widerlegung des Gazali, uitg. A. Marcus und E. Webers Verlag, Bonn (1913)
  • Léon GAUTHIER, Ibn Rochd (Averroès), útj. Presses universitaires de France, Parys (1948)
  • (in) Oliver LEAMAN, Averroës and his philosophy, útj. Clarendon Press, Oxford (1989) ISBN 0-19-826540-9
  • (in) Mourad WAHBA & Mona ABOUSENNA, Averroës and the Enlightenment, útj. Prometheus Books Amherst, NY (1996) ISBN 1-57392-084-3
  • (in) Gerhard ENDREß & Jan A. AERTSEN (red.), Averroes and the Aristotelian tradition: sources, constitution and reception of the philosophy of Ibn Rushd (1126-1198): proceedings of the fourth Symposium Averroicum (Cologne, 1996), útj. Brill, Leien (1999) ISBN 90-04-11308-8

[bewurkje seksje] Noaten

  1. E.I.J. Rosenthal Averroes' commentary on Plato's republic, Cambridge University Press, Cambridge (1956)
  2. Ralph Lerner Averroes on Plato's 'Republic' , útj. Cornell University Press, Ithaca NY (1974) ISBN 0-8014-0821-0 en ISBN 0-8014-9145-2

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen