Autonavigaasje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De ierde mei de GPS-satelliten, dy't der omhinne draaie. Tink derom, hoe’t it tal fan satelliten dy’t men tagelyk sjen kin, oanienwei feroaret. Dat wurdt hjir op elk stuit - sa’t de ierde draait - jûn foar 45° noarderbreedte yn blau.

Autonavigaasje makket it mûglik, altyd te witten wêr’t men is. Dat wurket mei GPS (Global Positioning System), dat radiosynjalen fan spesjale satelliten brûkt. Dy stjoere altyd tige krekt har posysje en de tiid fan útstjoeren. It navigaasje-ark ûntfangt sa’n synjaal, sjocht op ‘e klok hoe lang 't dat sinjaal ûnderweis west hat en kin dan mei de goed bekinde gong fan radiostrielen berekkenje, hoe fier 't dy satellyt fuort is.

Hoefolle satelliten?[bewurkje seksje | edit source]

As men no yn ’e auto mei sok ark riidt en men ûntfangt ien satellyt dy’t boppe Grins is en in oaren boppe Swol, dan wit men dus, hoe fier't men fan Grins is en hoe fier fan Swol en dêrmei binne de twa mûglike plakken fan 'e auto op it flakke lân tige krekt bekind.

Om no te witten, hokker fan dy twa it goede plak is, moat men dus noch in tredde satellyt hawwe, b.g. boppe Skylge. Dêr kin dan tagelyk de hichte ek mei ferwurke wurde, dat men der ek mei yn ‘e bergen ride kin. Eins is der by dy trije satelliten ek noch in twadde punt, mar dat sit twa kear sa heech as de satelliten boppe it ierdoerflak en is dêrom yn it autoferkear ûnmooglik. Dêr hoecht dus net mei rekkene te wurden.

Om’t it navigaasje-ark tige krekt de tiid witte moat, hat men dêr ek noch in fjirde satellyt by. Om’t men dan tuskentiidsk jins eigen posysje wit, kin men dy syn ôfstân ûnôfhinklik beskiede en dêrmei de tiid fan ûntfangst, want dat is ommers tiid fan útstjoeren plus reisdoer fan it sinjaal. (Fansels wit men de earste kear de tiid en de eigen posysje dan net krekt, mar troch automatysk op ‘e nij dwaan komt men hieltyd tichter by de krekte wearde).

It navigaasje-ark[bewurkje seksje | edit source]

In stik navigaasje-ark (TomTom One)

Dat is it, wat it mûglik makket. It siket automatysk op elk stuit de sterkste satelliten, berekkent de posysje en de rydrjochting en lit dat dan allegear sjen op in lyts skermke yn ‘e foarm fan in trijediminsjonale kaart. Dêrby sjocht men dan ek noch jins gong en hoe lang 't it noch is nei de folgjende ôfslach.

Men kin der sels it adres ynbringe, dêr ‘t men hinne wol en dan wurdt men dêr kreas foar de doar ôflevere, op in pear meter krekt! Sels kin men sjen litte wêr 't files binne en wêr kontrôles (mei net!).

Kaarten[bewurkje seksje | edit source]

Om sjen te litten wêr’t men mei de sa beskate posysje tahâldt, befette it navigaasje-ark elektroanyske kaarten. By in goed merk kin men dêr faak nije foar dellade, dat dan wurde alle feroarings yn it wegenet daliks mei opnommen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]