Kaart (Kartografy)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Moderne wrâldkaart.
In T-O-kaart út 1472.

In kaart is in kartografyske werjefte fan in gebiet. If meast foarkommend binne de lânkaarten, wêrjeften mei de klam op it lân, mar der binne ek wetterkaarten.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skaal

Op de meeste kaarten hawwe de ôfstannen oeral op de kaart inselde ferhâlding ta de werklike ôfstannen yn it gebiet, de skaal. Sa hat de Grutte Provinsje Atlas Fryslân bygelyks in skaal fan 1:25.000, wat sizze wol dat 1sm op de kaart stiet foar 25.000sm= 0,25km fan it gebiet. Kaarten wurde faak oantsjut mei it oantal sentimeters dat nedig is om in kilometer wer te jaan; de GPAF is dan in 4-sentimeter kaart.

[bewurkje seksje] Projeksje

Om't in kaart in platte werjefte is fan (in part fan) in bolfoarm, hawwe kaarten altiten ôfwikings. By in kaart fan de hiele wrâld is dat it dúdlikst om't dy eins in bolfoarm hawwe moatte soe. It tichtstby de werlikens is dêrom de globe. Oars moat de bolfoarm mei ien as oar systeem, in projeksje, dellein wurde op in flak stik papier. It is mûglik dêrby ien gegeven akkuraat te hâlden: in kaart kin hoeksekuer wêze, wêrby in hoek op de kaart altyd likegrut is as yn it gebiet, as flaksekuer, wêrby oerflakteferhâldings op de kaart altiten gelyk binne oan dy yn it gebiet. Der is lykwols gjin projeksje dy't dy gegevens beide fêstleit.

[bewurkje seksje] Kaarten fan Fryslân

Yn de kartografy binne de kaarten fan Fryslân al yn de earste atlassen opnomd. Ortelius, Kaerius, de Jode, Mercator hawwe fan Fryslân tige fraaie kaarten útjûn. Hjirby is Grinslân, as hearrende by Frisia, ek stees opnomd. It binne libbene kaarten, ek al meidat de Waadsee en faak in stik Noardsee en Sudersee by it kaartbyld hearre. Op it mêd fan de seeën leefden de makkers har út mei driigjende, spuitsjende seemûnsters en sierlike, hieltiten mei bolle seilen, farrende skippen en ynkleurde wynrozen.
Yn in soad lytse bûsatlaskes út de 16e ieu steane se folle soberder ôfdrukt. Fia it kaartbyld fan Hondius en Blaeu, wêryn Fryslân as aparte kaart, komt de mânske N.J. Visserkaart, de Schotanuskaart fan 1664 en de saneamde Stiennen Mankaarten, dêr't de Allard-útjefte de meast seldsume is.
Yn de 18e ieu wurdt it kaartbyld soberder en de bekende Tirionkaart bringt it net fierder as in beskieden cartouche mei it wapen fan Fryslân en in lytse wynroas. De tritich gritenijen komme yn de 'Beskriuwing fan Fryslân' fan 1664 foar en letter yn de Schotanusatlas.
De Eekhoff-atlas yn de midden fan de 19e ieu is in atlasútjefte dy't troch it provinsjebestjoer bekostige waard. Grutte dúdlike kaarten, mar sûnder franje; mear kadasterkaarten (werútjefte 1969). De alve stêden binne op Warkum nei foar it earst troch Braun en Hogenberg útjûn. Dan folgje de Geelkerckenkaarten, de Boutattsútjeften, Guicciardini, Merian, Jansonius, de Witt, Coronelli en Blaeu. Fan de doarpen binne net sa folle plattegrûnen bekend. De ôfbylden hjirfan steane meast yn de Vaderlansdsche Gezichten en yn de Tegenwoordige Staat van Friesland. Yn hânskriften en argiven komme tafallich kaarten fan bepaalde gebieten en plakken foar: Drachten, It Hearrenfean, Menaam, Bakkefean en Haulerwyk.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen