Arras
| Arras | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 42.050 (2009) | |
| Oerflak | 11,6 km² | |
| Befolkingstichtens | 36,16 / km² | |
| Stêdekloft | 124.206 | |
| Hichte | 52 - 99 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Frankryk | |
| Departemint | Pas-de-Calais (62) | |
| Arrondisemint | Arras | |
| Oar | ||
| Webside | Offisje webside | |
Arras (Nederlânsk, histoarysk: Atrecht) is in stêd yn it noarden fan Frankryk, it haadplak fan it departemint Pas-de-Calais. De ynwenners wurde Arrageois neamd. It plak by de gearrin fan de rivieren de Scarpe en de Crinchon, is fanâlds it sintrum fam de regio Artois; pleatslik wurdt it Picarddialekt sprutsen.
De Grand'Place fan goed 1 hektare, is al sûnt de 11e ieu it plak yn de stêd dêr't merk hâlden wurdt. Yn de 17e ieu waarden de houten huzen rûnom de merk ferfongen troch stiennen gebouwen. It meast âlde gebou is fan 1467 en hjit Les Trois Luppards.
It belfort fan Arras stiet op de Place des Héros ('heldenplein'). Dy namme krige it nei de Twadde Wrâldkriich om de fusillearre ynwenners te betinken. De folksmûle seit lukwols lytse merk. Dêr steane benammen de gildehuzen.
De bibleteek fan Arras hat ien fan orizjine, mei de hân skreaune dielen fan de ridderroman Karel ende Elegast.
Berne yn Arras [bewurkje seksje]
- Carolus Clusius (1526), botanikus en dokter.
- Charles Bonaventure de Longueval (1571), Greve fan Busquoy, maarskalk yn tsjinst fan Spanje.
- Maximilien de Robespierre (1758), revolúsjonêr en steatsman
- Benoît Assou-Ekotto (1984), fuotballer
Stedsbyld [bewurkje seksje]
-
De sitadel, sûnt 2008 op de Wrâlderfgoedlist