Arnold Houbraken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Arnold Houbraken (1660-1719), troch soan Jacob, mei in ûnderskrift fan David van Hoogstraten.

Arnold Houbraken (Dordrecht, 28 maart 1660Amsterdam, 14 oktober 1719) wie in keunstskilder en skriuwer. Syn soan Jacobus Houbraken (1698–1780) wie in bekend graveur fan portretten en boekyllustraasjes; hy yllustrearre ûnder oaren syn heite boeken.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Houbraken wie learling fan ûnder oaren Jacobus Leveck en Samuel van Hoogstraten. Yn 1685 boaske er oan Sara Sasbout. Om 1709 ferhuze er nei Amsterdam nei útnoeging fan Jonas Witsen. Yn 1713 makke er in reis nei Ingelân om dêr in histoarysk wurk fan platen te foarsjen. Hy besocht in hantlieding foar artysten te meitsjen dat bedoeld wie om mooglike tema's foar skilderijen oan te rikken, it Embleem boek, Inhoud van 't Sieraad der Afbeelding.

Skilderwurk[bewurkje seksje | edit source]

Arnold Houbraken skildere mythologyske en bibelske taferelen, portretten en lânskippen.

Boeken[bewurkje seksje | edit source]

Arnold Houbraken wurdt fral te binnen brocht fanwege syn De groote schouburgh der Neder­lantsche konstschilders en schilderessen (1718–1721), mei 500 biografyen fan keunstskilders út de 17e ieu.