Anna Pavlova

Ut Wikipedy
Anna Pavlova

Anna Matvejevna Pavlova (Russysk: Анна Матвеевна Павлова) (Sint-Petersburch, 12 febrewaris 1881 - De Haach, 23 jannewaris 1931) wie in Russyske ballerina en filantrope.

Pavlova waard 1909 wrâldferneamd doe't sy optrede by it ballet fan Serge Diaghilev, mei in apart foar fan Mihel Fokine makke solo de stjerrende swan. Fan 1911 ôf wie se allegeduerigen op toernee yn Europa, dêr't sy har mei har selskip yn Londen nei wenjen sette. Sy kocht dêr de bûtenpleats Ivy House dêr't sy lykwols net folle tahâlden hat fanwege de jierrenlange wrâldtoernees. Oeral hie hja in protte súkses en sy wie de earste 'megastjer' fan de 20e iuw.

Universal Pictures woe har graach filmje, mar de grutte stjer hie it net oan tiid en dêrom waard apart foar har in ridende studio makke, dy't hat yn in toernee folge sadat hja deis in trije oeren besteegje koe oan de iennige bioskoopfilm dy't by har libben makke waard: The Dumb girl of Portici. Sy krige dêrfoar foar dy tiid ûnbidich foar betelle.

Oeral dêr't Pavlova optrede wie sy grut nijs. Dat wie te tankjen oan har manager Victor Dandré. Jannewaris 1931 kaam it Pavlovaselskip nei De Haach oan de foarjûn fan in ôfskiedstoernee, dy't jierren duorje soe. Underweis hie hja lykwols in treinûngemak. Har ferwûnings krige se in longûntstekking oerhinne, sa kaam sy te ferstjerren yn Hotel Des Indes.

Pavlova's ferneamdens en faam is trijefearns iuw noch grut. Sy wurdt algemien beskôge as de ferneamdste ballerina fan alle tiden. Minder lju witte dat sy in soad jild joech oan in protte Russyske weesbern en flechtlingen en dat it har lêste winsk wie om te hôf brocht te wurden yn har heitelân Ruslân. Jean Thomassen en Ine Veen krewearren nei de delfal fan it kommunisme yn Ruslân foar it werombringen fan de jiske (dy't op it Londenske begraafplak Goldersgreen bewarre wurdt) nei Ruslân. Der hat in soad te dwaan west oer de saak en it lêste wurd is der noch net oer sein.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Anna Pavlova, triomf en tragedie van een megaster (Jean Thomassen; uitgegeven bij Van Soeren en Co. te Amsterdam - 1995)