Anabaptisten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fersprieding fan it Anabaptisme 1525-1550

Anabaptisten (letterlik: werdopers) is de namme dy't meast brûkt wurdt foar de earste Mennisten. Wat anabaptisten ûnderskate fan oare protestanten is harren lear fan de doop fan folwoeksenen; sy fersmieten dêrmei de bernedoop. Mei dêrom en fanwege polityk ferskil fan miening waarden se slim ferfolge troch de Roomsk-Katolike Tsjerke, mar troch de oare protestanten.

Anabaptisten komme fan 1530 ôf yn Fryslân foar. Sicke Frearks stoar as earste de marteldea op it plak dêr't harren lieder Menno Simons wenne. Der wienen freedsume (warleaze) anabaptisten en strange (revolúsjonêre) anabaptisten ofwol werdopers. De werdopers ferdwine koart nei 1536, de earste hjitte menisten en letter dopersken (Algemene Doopsgezinde Sociëteit (1811)). Oer harren libben skreau Ypk fan der Fear it boek De breugeman komt (1953). Dit boek waard yn 1956 oersetten yn it Nederlânsk.

Wat de grutdoop oanbelanget soe men se ta foarrinners fan it baptisme, de Evangelyske tsjerken en Pinkstergemeenten beskôgje kinne.

Bekende anabaptisten[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. en oaren, Encyclopedie van Friesland 1953, Anabaptisten.