Amsterdamske Tiid

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Amsterdamske Tiid, of Nederlânske tiid, wie de tiidsône fan Nederlân tusken 1909 en 1940. Dizze tiid rûn 20 minuten foar op de Greenwich Mean Time.

Foar 1909 ferskille de tiid yn Nederlân fan plak ta plak. Sa wie it yn easten yn dy tiid oer it algemien letter as yn it westen. Yn 1909 waard hjir in ein oan makke en krige Nederlân syn eigen nasjonale tiid. Dizze waard lyk steld oan de pleatslike trochsnee tiid fan Amsterdam. Dit wie die fan Westertoer (4°53'01,95"O).

Dizze tiid rûn oant 17 maart 1937 ta 19 minuten foar op de Koördinearre Wrâldtiid (UTC +0-oere 19-minuten, 32,13 sekonden). Hjirnei waard dit feroare ta 20 minuten. Dizze nije tiid waard ek wel Loenenske Tiid of Garkumske Tiid neamd, omdat dit de trochsnee tiid fan Loenen en Garkum is.

As it yn Nederlân 12 oere wie, wie it yn Londen 11:40 oere en yn Berlyn 12:40 oere.

Mei de besetting yn de Twadde Wrâldkriich fierden de Dútsers de Dútske Tiid (GMT+1) yn Nederlân yn. Nei de kapitulaasje fan Dútslân yn 1945 is de klok net weromset.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen