Alk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Alk
Razorbill iceland.JPG
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Wilstereftigen (Charadriiformes)
Famylje: Alkfûgels (Alcidae)
soarte
Alca torda

De alk (Alca torda) is in fûgel út de famylje fan de Alkfûgels.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

In folwoeksen alk is sa'n 38 oant 43 sm grut en hat in wjukspanwiidte fan 60-69 sm. De rêch en kop binne swart, de búk is lykas de ûnderkant fan de wjukken wyt. Winterdeis wurd ek it gesicht fan de alk wyt. De Alk hat in opfallende grutte brede swarte snaffel mei in wite streek.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Alken komme foar yn it noarden fan de Atlantyske Oseaan. Se briede oan de kusten op eilannen en steile rotskusten. Oan de westkant fan it noarden nei it suden oan't de steat Maine. Oan de eastkant briede se op de kusten fan it noardwesten fan Rúslân oan't it noarden fan Frankryk. Winterdeis sykje de fûgels de oseaan op en geane ek wol wat nei it suden, de eastlike fûgels sykje dan ek wol de Middellânske See op.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Alken fange harren iten ûnder wetter troch te dûken. Se ite meastentiids fisken, sa as bygelyks hjerrings. Ek ite se wol kreefteftigen en seewjirms.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De alken briede faaks yn grutte koloanjes tegearre mei oare soarten út de Alkenfamylje sa as Skoeten. De beide âlden briede om beurten op it iene aai. Nei sa'n 30-35 dagen komt it aai út, it jong kin wol sa'n trije dagen dwaande wêze om de aaiskyl kapot te krijen. It jong wurd earst noch yn de koloanje fuorre troch de âlden, nei in lytse trije wike is it jong sa grut dat der nei see giet.