Aleksandra Ekster

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aleksandra Exter
Teatergordyn, Kamerni, Moskou, 1922
Kostúms foar Oscar Wilde syn 'Salome'

Aleksandra Alexandrovna Ekster (Białystok, 18 jannewaris 1882Fontenay-aux-Roses, ûnder Parys, 17 maart 1949) wie in Russysk skilderesse. Sy makke ek boekyllustraasjes, ûntwurp marionetten, kostúms en dekôrs foar teater en film. Sy waard beynfloede troch it suprematisme, it kubisme en it Russysk futurisme.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Aleksandra Ekster studearre oan de keunsthegeskoalle fan Kiëv en makke d6ernei stúdzjereizen nei Parys en Rome. Yn Parys moete hja Picasso en Braque en wie hja in skoft by de keunstnerskoloanje ‘La Ruche’, mei Marc Chagall. Yn Itaalje kaam se yn de kunde mei de futuristen Soffici en Marinetti. Fan 1912 ôf die Ekster mei oan útstallingen yn Ruslân, mar bleau ek yn it bûtenlân eksposearjen, ûnder oaren by Marinetti’s grutte Futurisme-tentoanstelling yn Rome, begjin 1914.

1915-1916 sleat Ekster har oan by it Suprematisme fan Kazimir Malevitsj, mei ûnder oaren Ljoebov Popova en Olga Rozanova. Fanôf 1918 joech sy workshops yn Kiëv en Moskou en stadichoan begûn har wurk de kant fan it konstruktivisme oer te hingjen. Begjin jierren 20 ûntwurp se ek kostúms en dekôrs foar it ballet.

Yn 1924 emigrearre Ekster nei Frankryk. Yn't earstoan wenne se yn Parys en fan 1928 ôf yn Fontenay-aux-Roses. Dêr makke hja dekôrs ek foar teater en fim, mar it skilderjen en eksposearjen gie teffens troch, mei ústallingen yn Berlyn (1927), Parys (1929) en Praach (1937). Yn 1936 fûn har wurk in soad wurdearring op de New Yorkske eksposysje ‘Kubisme en abstrakte keunst’.

Ekster wurke yn Frankryk teffens as leararesse skilderkeunst oan de keunstnersstudio fan Fernand Léger en yllustrearre op lettere jierren in protte boeken foar útjouwerij Flammarion.

Yn de jierren tachtich naam de ynteresse foar Eksters wurk wer ta. Yn 1989 waard har komposysje Genua by Sotheby's ferkocht foar 1.373.790 US$. Yn 1992 loek har wurk in soad minsken by in grutte eksposysje fan Russyske avant-gardekeunst yn Frankfurt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]