Aleksandr Lûkasjenko

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aleksandr Lûkasjenko
Aleksandr Lûkasjenko en syn jongste soan Nikolai tidens de fiering fan de oer winning op Nazi-Dútslân yn de Grutte Heitelânske Kriich

Aleksandr Grigorjevytsj Lûkasjenko (Russysk; Александр Григорьевич Лукашенко) of Aljaksand(a)r Ryhoravitsj Loekasjenka (Wyt-Russysk; Аляксанд(а)р Рыгоравiч Лукашэнка, Alaksand(a)r Ryhoravič Łukašenka) (Kopys, 30 augustus 1954) is sûnt 1994 presidint fan Wyt-Ruslân. Hy wie tsjin de ûnôfhinklikens fan Wyt-Ruslân fan de Sowjet-Uny. Wyt-Ruslân hat yn tsjinstelling ta alle oare âld-Sowjet lannen noch hieltyd in soad steatsbedriuwen. Wyt-Ruslân wurdt ûnder syn lieding sjoen as 'de lêste diktatuer fan Jeropa'. Minskerjochtenorganisaasjes kritissearje syn autoritêr bestjoer. Fanwege oertredings fan de minskerjochten yn Wyt-Ruslân hawwe de Jeropeeske Uny en de Feriene Steaten (ekonomyske) sanksjes oan it lân oplein.

Libbensrin oant 1994[bewurkje seksje | edit source]

Yn syn jonge jierren wie Lûkasjenko lid fan de Kommunistyske jongereinbeweging Komsomol fan de Sowjet-Uny. Hy tsjinne in skoftke yn de striidkrêften fan de Sowjet-Uny. Fan 1982 oant 1985 wie hy direkteur fan in kolchoz. Yn 1990 rjochte hy de beweging Kommunisten foar demokrasy op, foar hokker partij hy sitting naam yn it Wyt-Russyske parlemint (doe noch de Heechste Sowjet neamd) en stimde hy tsjin de omfoarming fan de Sowjet-Uny ta it Gemenebest fan Unôfhinklike Steaten yn 1991. Yn desimber 1991 spruts hy him tsjin de ûnôfhinklikheid fan Wyt-Ruslân fan de Sowjet-Uny út. It begrutte him dat de ienheid fan de Sowjet-Uny yninoar foel yn 1992. Fan 1993 oant 1994 wie Lûkasjenko foarsitter fan it anty-korrupsje-komitee fan it Wyt-Russyske parlemint.

Presidint[bewurkje seksje | edit source]

Nei it oannimmen fan in nije Wyt-Russyske grûnwet yn 1994 waarden foar it earst demokratyske ferkiezings hâlden dy wûn waarden troch Lûkasjenko. Op 20 july 1994 akseptearre hy it presidintskip. Al gau ferfong hy de Wyt-Russyske nije flagge troch in fariant dy sterk like op de flagge fan de Wyt-Russyske SSR yn de Sowjet-Uny. Yn1996 waarden, nei in Wyt-Russysk referindum yn 1995, Lûkasjenko's foech as presidint útwreide.

Lûkasjenko waard yn 2001 as presidint werkeazen. Yn 2006 soe syn twadde en grûnwetlike lêste amtstermyn ôfrinne. Wilens de ferkiezings foar in nij parlemint op 17 oktober 2004 hat Lûkasjenko fia in referindum in grûnwetswiziging oannimme litten dy't in tredde amtstermyn foar him mooglik makke. Ynternasjonale wiernimmers feroardielen dat referindum lykwols as net frij en net earlik; in wurdfierder fan de Rie fan Jeropa neamde it referindum “ûnwettich”.

By de presidintsferkiezings fan 19 maart 2006 waard Lûkasjenko op 'e nij werkeazen, mei 82,5 % fan de stimmen. Ynternasjonale wiernimmers en wiernimmers fan de opposysje – dy trochstrings net ta de stimburo's talitten wurde – binne der lykwols fan oertsjûge dat Lûkasjenko dizze ferkiezings fraudearre hat. De measte ynternasjonale wiernimmers erkennen lykwols ek dat Lûkasjenko de stipe fan de measte Wyt-Russen genietet, dochs dat dy stipe in stik lytser wêze soe as de offisjele 82,5%. Lûkasjenko bliuwt populêr ûnder brede lagen fan de Wyt-Russyske befolking, benammen ûnder boeren, âlderen, doarpelingen en arbeiders, wylst hy ûnder liberale midstanners en jongeren mear opposysjekrêften tsjin him fynt.

Op 19 desimber 2010 waard Lûkasjenko werkeazen as presidint, mei 80% fan de stimmen. In Russyske wiernimmerskommisje erkende direkt de útslach en neamde de ferkiezings earlik. 19 desimber jûns protestearren tritich tûzen minsken yn Minsk tsjin de troch harren opmurken stimbusfraude. Hûnderten fan harren begûn in regearsgebou te fernielen, wêr de plysje hurd tsjin optrede. Presidintskandidaat Sannikov en syn frou waarden yn inoar slein; mannichien rekken ferwûne; sân presidintskandidaten, minskerjochtenaktivisten, selstannige sjoernalisten, liedende yntellektuelen, yn totaal seishûndert minsken waarden oppakt.

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | edit source]

Lûkasjenko hat him stikmannich kearen útsprutsen foar in Euraziatyske Uny, nei foarbyld fan de eardere Sowjet-Uny te wêzen. Dochs Lûkasjenko kin net goed oerwei gean mei presidint Pûtin fan Ruslân.