Grutte Heitelânske Kriich

Ut Wikipedy
It Reade Leger yn 'e oanfal
Strideraasje yn Lwow

De Grutte Heitelânske Kriich (Russysk: Великая Отечественная война, Velikaja Otetsjestvennaja voina) fan 1941-1945 is de namme yn de steaten fan de eardere Sowjet-Uny foar de strideraasje yn de Twadde Wrâldkriich fan de Sowjet-Uny tsjin Nazi-Dútslân en syn bûnsgenoaten, dy't de feroveringskampanje mei de koadenamme Operaasje Barbarossa úteinsetten. De reden foar dy oanfal wie: it útrûgjen fan it bolsjewisme, dat se seagen as in komplot fan de Joaden; it ûnderwerpen, ferrinnewearjen en desimearjen fan de troch ferskate nazi's as ras minderweardich beskôge Slavyske befolking; it ynnimmen fan de natuerlike boarnen en it meitsjen fan libbensromte (Dútsk: Lebensraum) foar kolonisaasje troch it sabeare superieure Germaanske ras.

Begjin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kriich begûn foar de Russen yn de iere moarn flak foar sinne-opkommen op 22 juny 1941, doe't Dútslân, nettsjinsteande it net-oanfalsferdrach, de Sowjet-Uny yn foel mei trije grutte legergroepen. De Dútske oanfal wie fûl en mei rom 3 miljoen manskippen feroveren hja de tsjintwurdige steaten Moldaavje, Oekraïne, Wyt-Ruslân, Letlân, Litouwen, Estlân en in diel fan de Kaukasus. It Sowjetleger telde ek 3 miljoen manskippen oan de westgrins, mar wie net klear foar de oanfal en mocht boppedat fan Stalin gjin aksje ûndernimme, om't dy oant op it lêste momint besocht Hitler te net provosearjen. Yn de earste 3 wiken kamen 2 miljoen soldaten om. Mar it leger kaam der al fluch boppe-op: doe't Stalin fernaam dat Japan Singapore ynfoel en dus net de Sowjet-Uny oanfalle soe, koe er in soad goed treende troepen út Sibearje helje.

It omslachpunt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It omslachpunt yn de Dútske fjildtocht wie de slach om Stalingrad dêr't de Dútsers harren oerjoegen nei't hja yn de ferdigening dreaun wiene troch de farske troepemacht út Sibearje. Ek yn it noardlik lizzende Leningrad waard in grutte oerwinning helle: de Dútsers waarden ferslein nei in belis fan 900 dagen. Yn 1943 luts de Russyske pânsere foarhoede oer de Dnjepr en ferovere it Reade Leger op 'e nij Kiev.

De ein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kriich einige op 9 maaie 1945 by de ûndertekening fan de Dútske oerjefte. Miljoenen Sowjetsoldaten stoaren yn de kriich tsjin Dútslân. Der wiene lykwols noch folle mear slachtoffers ûnder de boargers. Mei-inoar koste de kriich oan likernôch 26,6 miljoen Sowjet-minsken it libben.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Great Patriotic War fan Wikimedia Commons.