Aktivisme (Twadde Wrâldkriich)

Ut Wikipedy

Aktivisme wie yn it ramt fan 'e Twadde Wrâldoarloch it besykjen fan 'e Dútsers om Fryslân los te weakjen fan 'e rest fan Nederlân.

Sa waard der bygelyks in wetlike regeling foar it Frysk oanbean, en teffens boargemastersfunksjes. Der wiene net folle Friezen dy't gehoar joegen oan dizze lokrop. De Fryske Beweging liek hast ymmún, al ferskynden der mei Dútsk jild guon tydskriften (It Fryske Folk en Noorderland). Likemin as de ideeën fan 'e NSB bliek it nasjonaal-sosjalisme yn tel. Yn Fryslân wie de Maaiestaking yn 1943 frij algemien. In soad ûnderdûkers en hongerevakuees waarden yn 'e provinsje stipe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. en oaren, Encyclopedie van Friesland 1953, Activisme.