Abdij Sint-Marije fan de Opstanning yn Abu Ghosh

Ut Wikipedy
Abdij fan Abu Ghosh
bouwurk
Tagong abdij
Tagong abdij
lokaasje
lân Israel
plak Abu Ghosh
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Tsjerke: 12e iuw; kleaster: 1900
boustyl Abdijtsjerke: romaansk
offisjele webside
Side fan it kleaster

De Abdij Sint-Marije fan de Opstanning is in benediktynske abdij yn it doarp Abu Ghosh yn Israel. It kleaster stiet yn it sintrum fan it doarp Abu Ghosh, likernôch 10 kilometer westlik fan Jeruzalim. It kleaster waard yn 1900 stifte by in âlde tsjerke út de krúsfarderstiid, op in plak dat doedestiids indintifisearre waard as de lokaasje fan it bibelske Emmaüs (Lukas 24:13), dêr't Jezus nei de ferrizenis oan twa dissipels ferskynde. It kleaster is eigendom fan it Frânske Nasjonale Domein yn it Hillige Lân.

Kleastermienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1873 waard it behear fan it plak mei de tsjerke troch de Osmaanske autoriteiten oerdroegen oan Frankryk. De Benediktynske muontsen fan de abdij fan Belloc yn it Frânske departemint Pyrénées-Atlantiques bouden yn 1900 in lyts kleaster by de tsjerke. Se bleaune dêr oant 1953 en lieten de gebouwen doe nei oan de paters fan de Lazaristen.

Yn 1976 brochten trije muontsen fan de abdij Bec-Hellouin (Normandje) nij monastyk libben yn Abu Ghosh. It jier dêrnei folgen trije nonnen dy't ek út Bec-Hellouin ôfkomstich wie. Alhoewol't de kleastermienskip apart fan inoar libje, folgje se wol mienskiplik it kleasterritme. De âlde krúsfarderstsjerke is de kleastertsjerke fan de mienskip.

Kleastertsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fresko's yn de kleastertsjerke

De âlde krúsfarderstsjerke is de abdijtsjerke en de âldste dielen datearje út de 12e iuw. It gebou wurdt beskôge as ien fan de moaiste krúsfarderstsjerken yn it Hillige Lân. De boustyl is romaansk en hat it sobere karakter fan de yn de krúsfarderstiid boude tsjerken. De trije skippen hawwe alle trije deselde ôfmjittings en einigje alle trije yn in apsis. De eastlike helte fan de tsjerke (oriïntearre op Jeruzalim) is dekorearre mei fresko's. De fresko's, dy't foar in part mei sin fernield binne (alle gesichten binne ferwidere), waarden skildere troch in Byzantynske keunstner tusken 1150 en 1175.

De krypte bestiet út twa nivo's: it legere nivo is boud om in fiver dy't it wetter opfangt fan in boarne ûnder de trep dy't fan de krypte nei de tsjerke omheech rint. It hegere nivo is ynrjochte as kapittelseal foar de mienskip.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: