Aartsbisdom Paderborn

Ut Wikipedy
Aartsbisdom Paderborn
Basisgegevens
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Biskopssit Paderborn
Katedraal Dom fan Paderborn
Patroanhillige Sint-Liboarius
Hiemside www.erzbistum-paderborn.de
Skiednis
Oprjochting 799
Hierargy
Biskop Udo Markus Bentz
Statistyk
Oerflak 14.745 km²
Befolking 4.785.898 (31.12.2016)
Wêrfan katolyk 1.491.856 (31,2%) (31.12.2018)
Dekenaten 19 (31.12.2015)
Parochy's 657 (31.12.2018)
Lokaasje aartsbisdom Paderborn yn Dútslân
Lokaasje aartsbisdom Paderborn yn Dútslân

It aartsbisdom Paderborn (Dútsk: Erzbistum Paderborn, Latyn: Archidioecesis Paderbornensis) is in roomsk-katolyk aartsbisdom yn Dútslân. De biskopssit is yn Paderborn. It waard yn 799 as bisdom stifte. Sûnt 1281 wie it in foarstbisdom yn it Hillige Roomske Ryk, oant dat yn 1802 opheft waard. Dêrnei wie it op 'e nij in bisdom fan 1821 oant 1930. Yn 1930 waard it bisdom in aartsbisdom.

It aartsbisdom leit yn Noardryn-Westfalen en beslacht ek dielen fan Hessen en Nedersaksen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

18e-iuwske kaart fan it Prinsbisdom Paderborn.

It bisdom fan Paderborn waard yn 799 troch paus Leo III stifte. Yn 'e iere jierren foel it ûnder it bisdom Würzburg. Sûnt 855 hiene de geastliken it rjocht om in biskop te kiezen. It bisdom bestie út in grut part fan Lippe, Waldeck en likernôch de helte fan Ravensberg. Letter wie it bisdom ûnderdiel fan 'e tsjerkeprovinsje Mainz. Yn 'e midsiuwen waard it bisdom it heechstift Paderborn; yn dy tiid hiene de biskoppen fan Paderborn ek wrâldske macht.

Oan it heechstift kaam yn 1802 in ein. Nei de sekularisaasje en de ûndergong fan it Hillige Roomske Ryk yn 1806, waard it eardere heechstift neffens it Weenske Kongres yndield by Prusen. It bisdom waard mei de bul De salute animarum fan paus Pius VII yn it ramt fan 'e weryndielling fan 'e Prusyske bisdommen op 'e nij stifte.

As gefolch fan it Ferdrach fan Lateranen fan 11 febrewaris 1929 waard it bisdom Paderborn yn 1930 mei it Prusyske Konkordaat en de bul Pastoralis officii nostri troch paus Pius XI in aartsbisdom.

Mei de dieling fan Dútslân nei 1945 kaam in diel fan it aartsbisdom yn 'e DDR te lizzen. Om't it aartsbisdom dat gebiet langer net bestjoere koe, waard yn 1949 foar dat gebiet yn Maagdeburch in wijbiskop oansteld, dy't yn opdracht fan 'e aartsbiskop fan Paderborn wurke.

Katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dom fan Paderborn

De katedraal fan it aartsbisdom is de Domtsjerke fan Marije, Sint-Kilianus en Sint Liboarius.

Tsjerkeprovinsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de suffragane bisdommen Erfurt, Fulda en Maagdeburch foarmet it aartsbisdom Paderborn de tsjerkeprovinsje Paderborn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Erzbistum Paderborn