Monosacharide
Appearance
Monosachariden (inkeldsûkers) binne de ienfâldichste koalhydraten. It binne aldehyd-alkohoalen en keton-alkohoalen mei trije oant seis koalstofatomen. Sûkers mei trije koalstofatomen wurden trioazen neamd, dy mei 4,5 en 6 binne tetroazen, pentoazen en heksoazen.
De fjouwer ferneamdste monosachariden:
Aldoaze of Ketoaze
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De monomeare basissûkers hawwe ien keatling fan 3,4,5,6 of 7 koalstofatomen dy't op ien nei allegear in hydroksylkloft drage. It oerbleaune koalstofatoom foarmet in karbonylkloft. As de karbonylkloft oan it earste koalstofatoom yn de keatling sit, is it in aldoaze (neamd nei aldehyde), as ien fan de oare koalstofatomen de karbonylkloft draacht is it in ketoaze (neamd nei keton).
In aldoaze sûker mei 5 koalstofatomen (aldo-pentoaze). |
In ketoaze sûker mei 6 koalstofatomen (keto-heksoaze). |
Yn dizze werjefte fan sûkermolekulen, de Fischer-projeksje, binne de H en OH kloften sa oanjûn, dat stereo-isomearen yn it platte flak maklik wer te kennen binne. |
Alfabetyske list fan monosachariden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Alloaze
- Altroaze
- Arabinoaze
- Dihydroksyaseton
- Erytroaze
- Erytruloaze
- Fruktoaze
- Galaktoaze
- Glukoaze
- Glyseraldehyde
- Guloaze
- Ksiluloaze
- Ksyloaze
- Lyksoaze
- Mannoaze
- Psikoaze
- Riboaze
- Ribuloaze
- Sorboaze
- Tagatoaze
- Taloaze
- Treoaze
- Ydoaze
Tabel fan monosachariden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sorteare op tal koalstofatomen en gemyske eigenskippen:
Dit artikel is in stobbe oer skiekunde.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wikiwurdboek-side - inkeldsûker