Springe nei ynhâld

Zell (Cochem-Zell)

Ut Wikipedy
Zell (Cochem-Zell)
Swarte Kat
Swarte Kat
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Cochem-Zell
ferbânsgemeente Zell
Stedsyndieling 5 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 4.117 (2023)
Oerflak 44,95 km²
Befolkingsticht. 92 ynw./km²
Hichte 100 m
Oar
Postkoade 56856
Koördinaten 50° 01'N 7° 10'E
Offisjele webside
Side Zell
Kaart
Zell (Rynlân-Palts)
Zell

Zell is in plak oan 'e Mûzel yn 'e lânkring Cochem-Zell yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Zell is in toeristeplak en hat foar de omkriten in sintrumfunksje. By Zell hearre ek de doarpen Kaimt (lofts fan 'e Mûzel) en Merl (rjochts fan de Mûzel).

Zell is in wyndoarp en stiet bekend om de prodyksje fan 'e 'Zeller Schwarze Katz'. Mei 331 hektare besit Zell op Piesport (413 hektare) nei it grutste wynbou-oerflak oan 'e Mûzel (2021). De wynbou foarmet ek de basis fan it toerisme, in wichtich ûnderdiel fan 'e lokale ekonomy. De Swarte Kat, dy't oeral yn it doarp oantroffen wurdt, is ek it symboal fan it stedsje.

Zell op in skilderij fan Karl Bodmer (1841).

Zell giet werom op in stifting troch de Romeinen yn 70 n. Kr. Yn 1222 krige Zell stedsrjochten. In grut part fan 'e âlde sted gyng ferlern mei de stedsbrannen fan 1848 en 1857. Yn 1950 waard Kaimt by Zell yndield en oant 1969 wie Zell it haadplak fan 'e lânkring Zell. Troch de gearfoeging fan 'e lânkring mei de lânkring Cochem ferlear Zell ynstellings en oerheidskantoaren. Mar nije bedriuwen yn it stedsdiel Barl oan 'e oare kant fan 'e Mûzel kompinsearren foar in wichtich diel dat ferlies. Op 7 juny 1969 folge de yndieling fan it noardlik oangrinzgjende doarp Merl by Zell.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e yn 'e 13e oant 15e iuw boude stedsmuorren binne nei de ferneatiging yn 1689 in pear fragminten bewarre bleaun: de 'Bachturm' (by it tsjerkhôf), de rûne 'Pulverturm' (barokke bekroaning fan nei 1689) en de rest fan 'e stedspoarte oan 'e Mûzel tusken Balduinstraße 41 en 43.

It letgoatyske Slot fan Zell datearret fan 1535-1542 en waard letter útboud.

Sint-Petrustsjerke.

De katolike Sint-Petrustsjerke besit in skryn út de jierren 1180-1190 út Limoges. Yn 'e skryn wurdt in bonke fan 'e hillige apostel Petrus bewarre (de kaaien yn it wapen fan Zell ferwize nei de patroanhillige fan 'e stêd). Yn it lofter sydalter is in byld fan Marije út de 15e iuw. It doopfont oan 'e rjochter kant yn it koer stamt út 1576.

Yn it stedsdiel Kaimt stiet in moderne Sint-Jakobustsjerke (1968), mar de toer is folle âlder. Eartiids wie dêr de paltskapel fan in úthôf fan Kar-Trier. Yn 'e tsjerke wurdt in stiennen oarkonde út 1220 bewarre oer de stifting fan 'e tsjerke. De foarstelling fan in wynboer op 'e oarkonde is de âldste foarstelling fan in wynboer. Underdiel fan it sydalter is in Kristusbyld út de 13e of 14e iuw. Yn it stedsdiel Merl stiet de Sint-Michaeltsjerke, oant 1805 de kleastertsjerke fan in Fransiskaansk kleaster. Yn 'e tsjerke wurdt in tige weardefol alter út 1525 mei Antwerper fykwurk bewarre. Fan 'e yn 1823 ôfbrutsen âlde romaanske parochytsjerke Sint-Michael bleau allinne de romaanske toer bewarre.

Panorama Zell

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en/of Einzelnachweise, op dizze side.