Springe nei ynhâld

Zeche Zollverein

Ut Wikipedy
Yndustrykompleks koalemyn Zollverein yn Essen
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Dútslân Dútslân
UNESCO folchnûmer 975
kritearia (ii)(iii)
ynskriuwing 2001 (25e sitting)
koördinaten 51°29' NB, 7°2' EL
Webside
www.zollverein.de
Kaart
Zeche Zollverein (Noardryn-Westfalen)
Zeche Zollverein
UNESCO-wrâlderfgoedlist
Loftfoto fan it yndustrykompleks fan de koalemyn Zollverein mei boppe-oan de foto it kokesfabryk fan Zollverein

De Zeche Zollverein yn 'e Dútske stêd Essen wie de grutste stienkoalmyn fan 'e wrâld en it cokesfabryk wie wat de grutte oanbelanget unyk foar Europa. Sûnt 2001 is it kompleks op 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed ynskreaun. Alle jierren bringe likernôch twa miljoen minsken in besite oan 'e Zeche Zollverein.

Mei it boarjen fan 'e earste skacht yn 1847 sette de skiednis fan 'e Zeche Zollverein útein. De myn waard troch de sakeman Franz Haniel (1779–1868) stifte om stienkoal foar de produksje fan staal te winnen. Ut proefboarringen yn it gebiet fan Katernberg (hjoed-de-dei in Stadtteil fan Essen) hie earder al bliken dien dat der rike stienkoalfoarrieden wiene. Al gau groeide de Zeche Zollverein út ta it grutste stienkoalmynkomplek fan Dútslân.

It kompleks waard yn 'e rin fan 'e tiid jimmeroan fierder útwreide. Yn 1932 waard de nije skacht (nû 12) iepene, in yn 'e Bauhaus-styl boude myn dy't as in arsjitektoanysk en technysk masterwurk beskôge wurdt. Tusken 1957 en 1961 waard it cokesfabryk (Kokerei Zollverein) boud om de stienkoal op in effisjintere en miljeufreonliker wize te winnen en te ferwurkjen.

Yn 1986 kaam der in ein oan 'e myn. It cokesfabryk waard yn 1993 sletten. De dielsteat kocht it kompleks oan en makke der in kultureel en edukatyf sintrum fan.

Yn 2010 wie Essen de Kulturele haadstêd fan Europa en it terrein fan 'e myn wie it sintrum fan 'e aktiviteiten.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Zeche Zollverein fan Wikimedia Commons.