Springe nei ynhâld

Zaya Cassidy

Ut Wikipedy
Zaya Cassidy
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 4 augustus 1997
berteplak Tulsa (Oklahoma)
etnisiteit Yndiaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20152020
offisjele webside
gjint

Zaya Cassidy, echte namme ûnbekend (Tulsa (Oklahoma), 4 augustus 1997),[1] is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Yndiaansk komôf. Hja sette yn 2015 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cassidy waard yn 1997 berne yn Tulsa, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma. Hja makke yn 2015, doe't se mei achttjin jier krekt mearderjierrich wurde wie, har debút as pornoaktrise yn in sêne fan 'e pornowebside Reality Kings, mei as titel Tight Lipped. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn ferskate pornografyske films spile, ûnder mear foar sokke foaroansteande filmstudio's as New Sensations en Digital Sin. Cassidy wurdt fertsjintwurdige troch it ympressariaat Hussie Models fan Riley Reynolds, dat fêstige is yn North Miami Beach, yn 'e steat Floarida.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Zaya Cassidy is fan Yndiaansk komôf, mei brune eagen en dûnkerbrún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 49 kg, en in natuerlike kupmaat 34A. Se hat twa tatoeaazjes oan 'e binnenkant fan har lofterearm, mar gjin piercings útsein troch har earlellen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zaya Cassidy har Twitteraccount