Springe nei ynhâld

Zarafshon

Ut Wikipedy
Zarafshon
Зарафшон </small.
Polityk
Lân Oezbekistan
Provinsje Navoiy
Sifers
Ynwennertal 85.100 (2021)
Oerflak 20 km²
Befolkingsticht. 4.255 / km²
Hichte 400 m
Oar
Stifting 1967
Tiidsône UTC +5
Simmertiid (gjin simmertiid)
Koördinaten 41°36′29″N 64°13′35″E
Kaart
Zarafshon (Oezbekistan)
Zarafshon
De lokaasje fan Zarashon yn Oezbekistan.

Zarafshon (Oezbeeksk yn Syrillysk skrift: Зарафшон; Russysk: Зарафшан, Zarafsjan) is in stêd mei goed 85.000 ynwenners yn it sintrum fan Oezbekistan, provinsje Navoy. It plak leit yn de woastyn Kyzylkum en kriget syn wetter fan de rivier de Amudarya troch in piip fan 220 km lingte.

Zarafshon wurdt "de goudhaadstêd fan Oezbekistan" neamd.

Fan fleanfjild Zarafshon ôf ûnderhâldt Uzbekistan Airlines direkte flechten nei en fan Tasjkent.

Yn de omkriten fan Zarafshon sitte grutte uranium-[1] en goud foarrieden. Nei't dy yn 1965 fûn wienen, waard Zarafshon yn 1967 stifte en yn 1972 krige it plak de stedsstatus.[2] De namme fan de stêd komt út it Perzysk en betsjut 'glânzjend goud'.

De minen (deibou) lizze sa'n 35 km beëasten de stêd. De deibou rint oer 3 km yn east-westlike rjochting en is sa'n 1,6 km breedt nei it noardsuden; der wurdt groeven oant in djipte fan likernôch 450 meter. De minen smite goed it dûbele op fan de goudfjilden yn de Kolyma yn it fiere easten fan Ruslân.

Fierders hat Zarafshon tekstyl- en ertsferwurkjende yndustry.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. OECD Nuclear Energy Agency, International Atomic Energy Agency: Uranium 2001: resources, production and demand OECD Publishing, 2002. ISBN 92-64-19823-7
  2. Zarafshon yn de Grutte Sovjet Ensyklopedy