Zarafshan
Zarafshan Zarafshon / Зарафшон | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 68.365 (2009) | |
Hichte | 400 m | |
Polityk | ||
Lân | Oezbekistan | |
Provinsje | Navoy | |
Oar | ||
Stifting | 1967 |
Zarafshan (Oezbeeksk: Zarafshon; Russysk: Зарафшан) is in stêd mei goed 68.000 ynwenners yn it sintrum fan Oezbekistan, provinsje Navoy. It plak leit yn de woastyn Kyzylkum en kriget syn wetter fan de rivier de Amudarya troch in piip fan 220 km lingte.
Zarafshan wurdt "de goudhaadstêd fan Oezbekistan" neamd.
Fan fleanfjild Zarafshan ôf ûnderhâldt Uzbekistan Airlines direkte flechten nei en fan Tasjkent.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de omkriten fan Zarafshan sitte grutte uranium-[1] en goud foarrieden. Nei't dy yn 1965 fûn wienen, waard Zarafshan yn 1967 stifte en yn 1972 krige it plak de stedsstatus.[2] De namme fan de stêd komt út it Perzysk en betsjut 'glânzjend goud'.
Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De minen (deibou) lizze sa'n 35 km beëasten de stêd. De deibou rint oer 3 km yn east-westlike rjochting en is sa'n 1,6 km breedt nei it noardsuden; der wurdt groeven oant in djipte fan likernôch 450 meter. De minen smite goed it dûbele op fan de goudfjilden yn de Kolyma yn it fiere easten fan Ruslân.
Fierders hat Zarafshan tekstyl- en ertsferwurkjende yndustry.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|