Yslânske Literatuerpriis
Yslânske Literatuerpriis | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Yslânsk | |
útrikt foar | literatuer | |
útrikt troch | Iislânske Utjouwersferiening | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | desimber | |
plak | Reykjavik (Yslân) | |
ynsteld | 1989 | |
1e útrikking | 1989 | |
offisjele webside | ||
www. bokautgafa.is |
De Yslânske Literatuerpriis (Yslânsk: Íslensku Bókmenntaverðlaunin) is in priis dy't ien kear jiers útrikt wurdt troch de Yslânske Utjouwersferiening, foar de bêste wurken op it mêd fan 'e literatuer fan it foargeande jier. Dizze priis waard yn 1989 ynsteld, doe't de feriening syn hûndertjierrich bestean fierde.
Der binne twa kategoryen: fiksje en wittenskiplike non-fiksje. Yn eltse kategory wurde oan it begjin fan desimber fiif boeken nominearre, dy't fanwegen de tiid fan it jier (yn ferbân mei de krystynkeap) in protte fergese publisiteit krije. In spesjaal seleksjekomitee dat beneamd wurdt troch de Utjouwersferiening makket dan út wa't de winners binne. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |