Youssef Idilbi
Youssef Sjoerd Idilbi (Drachten, 7 maaie 1976 – Amsterdam, 15 maaie 2008) wie in Frysk akteur, dy't foar in part fan Palestynsk komôf wie.
Youssef Idilbi waard berne as soan fan in Palestynske heit en in Fryske mem.
Idilbi wie te sjen yn de RTL 4-searje Westenwind as Abdullah Yildirim. Letter wie Idilbi te sjen yn de Yorin-soapsearje Onderweg naar Morgen en yn Dankert & Dankert en yn de ferskate teaterstikken, wêrûnder Kater, Liefde is kouder dan de dood en IS.MAN (skreaun en regissearre troch Adelheid Roosen). Yn 2005 wurke Idilbi mei as akteur yn de rol fan Chris yn de Tryater-produksje 'De op & delgong fan Lytse Fügel'.[1]
Idilbi folge yn Grins de teateroplieding en studearre ôf oan de Amsterdamske Hegeskoalle foar de Keunsten.[2]
Youssef Idilbi die himsels mei 32 jier tekoart troch fan it dak fan de Teaterskoalle oan de Jodenbreestraat yn Amsterdam te springen.[2]
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Westenwind - Abdullah Yildirem (1999-2001)
- Russen - Appie (2001-2002)
- Onderweg naar Morgen - Sid Porter (2002-2003)
- Dankert & Dankert - Hassan (2007)
Teäter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Vlucht (1996)
- Das Lederhosen (1996)
- Proeven (1996)
- Kater "Dood is een gimmick" (1999)
- De vertellingen van 1001 nacht (1999)
- Een soort Hades (2000)
- De op & delgong fan Lytse Fügel (2005)
- Liefde is kouder dan de dood - Gevangenismonologen (2006)
- IS.MAN (2007)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|