Yorick Haan
Yorick Jan Haan (Hardenberg, 10 maaie 1974) is in Nederlânske politikus. Fan febrewaris 2010 oant juny 2013 wied er boargemaster fan Flylân. Dêrfoar wie er wethâlder yn Schiedam. Haan wie lid fan de lokale partij Progressief Schiedam en earder fan de Socialistische Partij.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yorick Haan studearre fan 1993 ôf maatskippijskiednis oan de Erasmus Universiteit Rotterdam. Yn 1995 briek er de stúdzje ôf en kaam er yn tsjinst fan de Sosjalistyske Partij, dêr 't er sûnt 1992 lid fan wie. Hy wie assistint fan partijsekretaris Tiny Kox, webmaster fan de ynternetside fan de SP en grafysk foarmjouwer fan de media-ôfdieling. Fan 2000 oant 2002 wurke Haan foar in reklameburo. Dêrnei wie er oant 2006 meiwurker fan de fraksje fan de SP yn de Twadde Keamer.
Fan 1996 oant 1998 wie Haan lid fan de Rotterdamske dielgemeenteried IJsselmonde en fan 1998 ôf lid fan de gemeenteried fan Schiedam. Yn 1999 waard er fraksjefoarsitter. Hy siet yn 2002 in riedsenkêtekommisje foar dy ûndersyk die nei in lokale asbestsaak. Dat wie de earste kear yn Nederlân dat der in enkêtekommisje ynsteld waard troch in gemeenteried. Nei de gemeenteriedsferkiezingen 2006 kaam de SP yn Schiedam yn it kolleezje en waard Haan wethâlder. Hy wie ûnder oare belêstige mei bouwen, wenjen en miljeu, bistewolwêzen, ferkear en ferfier, behear iepenbiere romte, fasilitêre saken en ICT. Tegearre mei in part fan sawol it ôfdielingsbestjoer as de fraksje fan de SP yn Schiedam besleat Yorick Haan yn 2009 it lidmaatskip fan de partij op te sizzen. Se fûnen dat de lanlike SP him te folle manifestearre as opposysjepartij en net folle omtinken hie foar ôfdielingen dy't bestjoerlike ferantwurdlikheid drage en fielden har' tsjinwurke.
Haan bleau as ûnôfhinklik politikus wethâlder yn Schiedam. Mei oare âld-SP'ers rjochte hy de lokale partij Progressief Schiedam op, mei as doel dielname oan de gemeenteriedsferkiezingen 2010. Haan waard keazen as listlûker, mar luts him werom doe't er yn desimber 2009 foardroegen waard as boargemaster fan Flylân. Hy waard op 18 febrewaris 2010 troch de Fryske Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma ynstallearre.
Op 17 juny 2013 sei de gemeenteried fan Flylân it fertrouwen yn him op. Oanlieding dêrfoar wie de mishanneling fan Haan in oantal dagen earder troch in bewenner fan it eilân. De eftergrûn fan it ynsidint soe yn de relasjonele sfear lizze. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma beneamde noch deselde dei Ella Schadd-de Boer as waarnimmend boargemaster fan Flylân.
Op 29 april 2014 makke it bestjoer fan de Stichting Stadsomroep Schiedam bekend dat Haan oansteld wie as ynterim-manager en haadredakteur fan Look TV en Radio Schiedam. Syn oanstelling kaam nei in ûnrêstige perioade by de omrop wêrby't it boechbyld fan Look TV Jan Willem de Boer it fjild romje moast. Yn juny 2017 spruts de rjochtbank yn Rotterdam Haan syn persoanlik fallisemint út.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|