Ynternasjonale Styl

Ut Wikipedy
Súpermerk Schocken, Chemnitz
E. Mendelsohn, (foarbyld nr. 45 út The International Style)
Apartmenthouse
860-880 Lake Shore Drive; Chicago
Mies van der Rohe
Fan Arne Jacobsen, it SAS Royal Hotel yn Kopenhagen; klear yn 1960

Mei Ynternasjonale Styl wurdt in streaming yn de arsjitektuer (en de binnenhûsarsjitektuer) oantsjut yn de perioade fan sa'n 1930 oant sirka 1970.

De styl is ûntstien út it nije Nije Bouwen. Dy styl lei hieltyd de klam op dingen as funksjonaliteit, strakke foarmen, gjin fersieringen, en moderne konstruksjetechniken. Dizze line is yn de Ynternasjonale Styl fuortset en fierder ûntwikkele.

Men moat wol betinke dat beide streamings dreech út elkoar te hâlden binne: beide oantsjuttingen wurde (foar in part) trochelkoar brûkt. Fermoedelik kin it Nije Bouwen krek fierder yn de tiid set wurde, foar it grutste part foar 1940, as de Ynternationale Styl, dy't foaral nei de oarloch sa neamd wurdt. It bliuwt in wat arbitrêr ûnderskied.

Bekende arsjitekten dy't mei de Ynternasjonale Styl yn ferbân brocht wurde binne bygelyks Le Corbusier, Ludwig Mies van der Rohe, Oscar Niemeyer, Alvar Aalto en Eero Saarinen. It lettere wurk fan Frank Lloyd Wright kin ek ta dizze skoalle rekkene wurde. Fan de meubelûntwerpers kinne ûnder oaren Marcel Breuer en Mart Stam neamd wurde.

De Ynternasjonale Styl hat it meast namme makke mei grutte objekten sa as kantoargebouwen, musea en soks, mar hat ek ynfloed hân op stedebou, wenningbou en meubelûntwerpen. Grutte stedeboukundige projekten dy't ynfloed fan dizze skoalle ûndergien hawwe, binne ûnder oaren Brasilia en Chandigarh (Yndia). In útwreidingsplan as de Bijlmermeer (Amsterdam) soe sûnder de Ynternasjonale Skoalle wierskynlik net sa opset wêze.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ienfâldige, utilaristyske, sobere ûtwerpen
  • Skulptuerde foarmen
  • Yndustriële materialen, sa as stiel en glês

Krityk op de Ynternasjonale Styl[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De noftere, sobere Ynternasjonale styl hat oant hjoed de dei ek in protte kritisy kend. Foaral grutte publike gebouwen moasten it ûntjilde, men fûn se ûnsjoch[1], ûnminsklik[2], steryl[3], en elitêr. [4]. Dy krityk foel goed yn it lêst fan de twadde helte fan de 20e iuw. Akademisy as Hugo Kükelhaus en de Amerikaanske skriuwer fan bestsellers Tom Wolfe waarden wurdearre om harren krityk, en hawwe bydroegen ta de opkomst fan tsjin-bewegings as it postmodernisme. Krityk op ynternasjonale modernistyske ûntjouwings fan it grutte publyk is sa'n bytsje synonym wurden oan behâldsucht en ferset tsjin nije ûntwikkelingen yn de arsjitektuer yn it generaal.[5][6]

Besibbe oan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Philip S. Gutis, It's Ugly, And So Is The Fight To Save It, New York Times, February 7, 1987, accessed 02-17-2008
  2. E.g., C. Thau & K. Vindum, Jacobsen, 2002, ISBN 87-7407-230-7, at 65 (referring to reaction to internationalism as "A Horror of the Traceless, Inhuman Industrial Look")
  3. A History of Architecture, New Internationalist issue 202 - December 1989
  4. T. Wolfe, From Bauhaus to Our House, Farrar Straus Giroux (1981) ISBN 9780374158927, ISBN 0374158924
  5. Herbert Muschamp, Fear, Hope and the Changing of the Guard, New York Times, November 14, 1993, accessed 02-17-2008 ("the preservation movement . . . was a tool directed against real estate development, but inevitably it was turned against architecture. Its particular target was modern architecture")
  6. R. Jobst, Charm is not an antiquated notion, FFWD Weekly: March 31, 2005 ("At the root of the public's apprehension about new development is that we've been getting screwed for 60 years by brutal, soulless and downright crappy architecture that arrogantly dismisses the human requirement for beauty")