Ynternasjonaal Filmfestival fan Dûbai
Ynternasjonaal Filmfestival fan Dûbai | ||
plak en tiid | ||
lân | Fer. Arabyske Emiraten | |
emiraat | Dûbai (emiraat) | |
plak | Dûbai (stêd) | |
tiid fan it jier | desimber | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 2004 – no | |
offisjele webside | ||
dubaifilmfest.com |
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Dûbai (Arabysk: مهرجان دبي السينمائي الدولي; Ingelsk: Dubai International Film Festival) is in filmfestival dat om it jier yn desimber organisearre wurdt yn 'e stêd Dûbai, yn 'e Feriene Arabyske Emiraten. It evenemint wurdt holden ûnder it beskermhearskip fan sjeik Mohammed bin Rasjyd al-Maktûm, de emir fan Dûbai. It is in non-profitbarren wêrfan't de organisaasje yn 'e hannen is fan 'e Dûbaiske Entertainment en Media Organisaasje.
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Dûbai waard foar it earst holden yn 2004, en hat him sûnt ûntjûn ta it liedende evenemint fan syn soarte yn 'e Arabyske wrâld. Oarspronklik waard it elts jier organisearre, mar yn 2018 waard bekendmakke dat it festival tenei ienris yn 'e twa jier plakfine soe, yn ûneven jierren.
Op 'e edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Dûbai fan 2014 waarden yn totaal 118 lange films, koarte films en dokumintêres fertoand, út lannen fan oer de hiele wrâld. Dêrby wiene 55 wrâldpremiêres of ynternasjonale premiêres. As ûnderdiel fan in oanhâldend krewearjen om 'e Arabyske filmyndustry te stypjen, wurdt fan 2007 ôf yn 'e marzje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Dûbai de Filmmerk fan Dûbai holden, dy't as platfoarm tsjinnet foar it lizzen fan kontakten tusken regisseurs en produsinten út 'e ûnderskate Arabyske lannen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |