Ynternasjonaal Bedriuweterrein Fryslân
Appearance
(Trochferwiisd fan Ynternasjonaal Bedriuwsterrein Fryslân)
It Ynternasjonaal Bedriuweterrein Fryslân (IBF) is in grut yndustryterrein op It Hearrenfean. It gebiet leit oan de noardeastkante fan It Hearrenfean, yn de trijehoeke De Knipe - Tsjalbert - It Hearrenfean, it hat in grutte fan likernôch 160 hektare. Doel fan it IBF is it oanlûken fan ynternasjonale bedriuwen nei Fryslân, mei in grutte fan mear as 10 hektare.
Al gau nei de oanlis fan it bedriuweterrein waard dúdlik dat der net genôch bedriuwen ynteresse hienen foar de lokaasje. Ideeën waarden ûntwikkele om it gebiet ek geskikt te meitsjen foar it midden- en lytsbedriuw. Tsjintwurdich mei dan ek lytsere bedriuwen harren sette op it IBF.
Neist bedriuwen hat ek it Fryslân Kolleezje in pân op it IBF.