Yndustryflat (Drachten)
Yndustryflat (Drachten) | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Smellingerlân | |
plak | Drachten | |
adres | Oliemolenstraat | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | bedriuwsgebou | |
boujier | 1949 | |
sloopjier | n.f.t. | |
oare ynformaasje | ||
tal ferdjippings | 2 |
De Yndustryflat wie in bedriuwssammelgebou yn Drachten om de yndustrialisaasje yn dat Fryske plak te befoarderjen. Begjin jierren 1960 waard it gebou oernaam troch Keninlike Philips. Yn oktober 2021 waard it renovearre gebou op 'e nij iepene ûnder de namme SKILL.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krekt as de rest fan Nederlân hie Drachten lêst fan de gefolgen fan de krisis fan de jierren 1930 en de Twadde Wrâldoarloch. Dat betsjutte dat der jierrenlang amper subsydzje wie en dat der ek jierrenlang net in soad boud waard yn Drachten. Der wie jildkrapte, te min bedriuwen en wurkplakken. De gemeente Smellingerlân besocht dit op te kearen. [1]
It gemeentebestjoer liet in yndustryterrein oanlizze súd fan de Meeuwwei (de lettere Lange West) en in út de befolking oprjochte Commissie ter bevordering van de industrie in Drachten dy't ta doel hie om de wurkgelegenheid te befoarderjen, soarge derfoar dat oan de Oliemolenstraat in mienskiplik yndustrygebou boud waard. Op 23 april 1949 waard de earste stien lein troch de doetiidske minister fan Ekonomyske Saken Jan van den Brink. Rillegau koene yn de nije hal in tal yndustryen ûnderbrocht wurde, ûnder oare HaDeWe en Sluis' masinefabryk.[2]
It bedriuwssammelgebou waard eksploitearre troch in dêrfoar spesjaal oprjochte namleaze fennoatskip, de N.V. Industriegebouw Drachten. De oandielen waarden pleatst by de Nationale Investeringsbank, de gemeente, de mienskiplike hierders, de yndustrykommisje en de befolking. De oprjochting fan de N.V. hie as doel om it oanlûken fan yndustriële bedriuwen makliker te meitsjen, it gebou wie bedoeld as oanrin foar yndustryen dy't dêrnei in eigen gebou krije soene. Nei't it doel berikt wie, waard yn oktober 1954 de N.V. likwidearre en naam de gemeente Smellingerlân alle oandielen oer.
Philips
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin 1962 waard de Yndustryflat eigendom fan de N.V. Philips dêr't it kompleks fan de flat oan alle siden ynsleat. Op dat stuit wiene yn it gebou allinnich noch de N. V. Sluis Machinefabrieken' en it matrassefabryk 'N.V. AKO' fêstige. It masinefabryk soe al gau nei it nije Sluisfabryk ferhúzje en ek foar it matrassefabryk waarden troch arsjitekt Bosma plannen makke om in nije yndustryhal te stichtsjen op it yndustryterrein nûmer 3 [3] (de Tussendiepen).
Philips brûkte it gebou sûnt ûnder oare foar de 'Philipswinkel' (personielswinkel), de bedriuwsbrânwacht en mear resintlik foar it Ynnovaasjekluster Drachten.
SKILL
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De komst fan de Ryksuniversiteit Grins nei it Ynnovaasjekluster waard troch Philips oangrypt om it âlde fabrykspân, yntern bekend as 'Gebou AA', fan 2019 ôf in komplete metamorfoaze te jaan. [4]
Yn oktober 2021 waard it fernijde gebou iepene ûnder de namme SKILL (Shared Knowledge Innovation Learning Lab).[5] Technykstudinten op mbû-, hbo- en wô-nivo kinne der yn ‘e mande mei it bedriuwslibben wurkje mei de nijste technology, lykas cobots, 3 D-metaalprinters, sensoaren, software foar keunstmjittige yntelliginsje en sokssawat. It gebou omfettet in laboratoarium, in kolleezjeseal, leslokalen, stúdzje -, gearkomste - en ûntspanningsromten. De totale kosten fan de metamorfoaze wiene 3,3 miljoen euro, Philips ynvestearre yn 'e mande mei de provinsje Fryslân en de gemeente Smellingerlân flink mei yn it gebou.[6]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Industrieflat, Drachten fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|